

| De moanne laket | Skriuwer | |
![]() fersen omslachtekst Stimmen wâljend sulver by't wekker wurden wit ik: Resinsjes (fragminten) Min is Babs Gezelle Meerburg te sprekken oer dit debút yn ien fan har lêste krantestikjes yn de Ljouwerter. Se docht noartsk oer dizze bondel dy’t op ’e lange list stiet. Sa slim haw ik har yn dy jierren net blazen heard. Hat Mindert de Wit (* 7 april 1949 yn Stiens) it by har sa tige bedoarn? De bondel is yndield yn fjouwer skiften neffens de kertieren fan de moanne. It docht fansels daliks klysjee oan as in dichter mei de moanne te foarskyn komt; set him oan de lithium, hearre je al gau roppen troch de meute. Dwers as ik bin, spoekje ik wat yn de siden om en stean even stil by in fers út it skift FOLLE MOANNE: MONUMINT
Samar seach ik
se, troch
en rein. Al hie
it altyd
feestlik gebeuren
troch myn
reizger út
ferline tiden. (s. 32) It fers is mei opsetsin praktysk foarmleas. Wêrom eins? Ek reitsje ik yn ’e tiis troch safolle tsjinstellings; sykje se mar op, it binne der grif alve. Wat stiet hjir eins? (jqs) Stiennen dêr ’t in tsjerke mei boud is? Tsjerke sels? En ast ienris yn ’e netten fan it leauwen festsitst, komst der net mear út? Ja, dy fraachtekens steane der net samar. Want as dat it boadskip is... hie’t sterker kinnen. Ek Wind is yn De Moanne net echt te sprekken oer dizze bondel: “(…) Dat de dichter Mindert de Wit docht wat dichters te dwaan stiet: lije oan it libben. En al hoe goed dat (paradoksaal genôch) ek fielt, goede poëzy foldocht oan oare skaaimerken. Koartsein: 'De moanne laket' is foar my te werkenber om fan út it stee te reitsjen en net grappich genôch om mei te laitsjen”.
De Wit skriuwt op
syn eigen blog dat er noch “kjel” is fan de resinsje fan Gezelle Meerburg.
It is ek net leuk om in negative krityk te krijen, mar Meerburg hat wol in
bytsje gelyk. Sy fynt de ynhâld te algemien en de gedichten witte har net te
boeien. Faaks hat dat te krijen mei de styl. Mei wat suniger om te springen
mei taal soe it spannender wurde kinne.
ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009 /.../ De titel 'De moanne laket' fyn ik net sterk. In wat bernige personifikaasje. Lit ik it gedicht dêr't er útkomt der ris by nimme: Katterich de moanne laket Nee wol? In kater! En het maantje aan de hemel ziet het
allemaal en lacht... Ik sjoch dat dit gedicht trije jier lyn yn Hjir stie. Hoewol, dít
gedicht... in eardere foarm derfan. It hat dêr noch acht ynstee fan fiif strofen en net
ien is itselde bleaun. Der is omraak yn skrast, dat is winst. Mar neffens my hie der noch
mear út moatten. Dat is trouwens faak foar sokke poëzy typearjend: wat der stiet, kin
faak ek hiel oars (en koarter om 'e hoeke) sein wurde, sûnder dat de betsjutting
feroaret. Oarsaak: de ynhâld is te algemien. 'De moanne laket' fan Mindert de Wit tilt op fan de
goede bedoelings (dêr gean ik alteast ynearsten fan út) Het omslag van de (kunst)partner Gerda Hulsinga van
deze debuutbundel van Mindert de Wit toont heel passend een geabstraheerd landschap met
een rietkraag en daarboven de maan. Het landschap speelt een belangrijke rol in deze
Friese gedichten, naast de gevoelens van de dichter, die soms met het landschap verbonden
worden of met het tijdstip van de dag of met weersomstandigheden.
De moanne laket |