
FersenYn dizze sammelbondel binne fersen opnommen
oer it tema: Fryslân nei 2000, yn 'e breedste sin. Mei wurk fan in grut ferskaat fan 70
minsken yn 'e leeftyd fan 26 oant 93 jier.
Resinsjes (fragminten)
Hiel oars as de
titel fan de blomlêzing Fryslân nei 2000 suggerearret, ha de measte dichters der
hielendal gjin fertrouwen yn dat Fryslân yn wêzen bliuwe sil sa't it is. In hiel soad is
al ferdwûn en der sil noch hiel wat folgje.
/.../ Dy hege Fryske loften, dy fiere kimen, dy wide greiden. It komt my bytiden ta de
noas út, dat himmelhochjauchzend sjongen oer âlde tiden, dat zum Tode betrübt kleien en
krimmenearen oer hjoed en moarn. It wie hjir froeger ek al meastentiids in keale negorij
en computers, autodiken en akwadukten binne soms bêst wol handich.
/.../ Neist it grutte tal eartiids-no-skielk-gedichten en alle natoerlyryk falt sa no en
dan aldergeloks ek noch wolris wat oars te belibjen. Guon dichters ha it net oer Fryslân
en de wrâld mar bliuwe tichter by harsels en dy fersen komme minder patetysk en
klisjeemjittich oer.
Trotwaer, Sjoerd Bottema, maaie 2001, nr. 4
Oan it begjin fan it tredde milennium bringe twa fûl
konkurrearjende útjouwerijen tagelyk in bondel mei gedichten fan ferskate auteurs út.
Frysk en Frij fart ûnder de oplein-moderne titel Do bliuwst wol Do wol, wylst de Friese
Pers Boekerij it gesellich hâldt mei Snie & Iis.
/.../En dan no op klisjeejacht/.../It klisjee dêr't wy op jeie is: 'Doe wie alles better
en aansen wurdt alles minder'.
/.../Eize de Boer! Skande! Klisjeekoaning! 'De ein, is er tichtby of noch hiel fier? / Sa
lang al ûnderweis nei moarn en letter, / mar oan 'e kimen bliuwt it altyd skier.' En it
gedicht bliuwt ek skier. Ja, dat kinne jy by dy titel as 'Libbensrin' ferwachtsje.
Neeltsje Bonnema (1949), koest it wer net litte? 'Fryslân, lit dyn swidens / net
ûntkomme. / wês wach, slaan op tiid / de tromme.' En de rêst / kin my net bomme.
Atze Bosch (1927) hat ek in stikje krantesjoernalistyk op rym set, want 'as wy ús taal yn
wurd en liet mar hearre litte / sil Fryslân Fryslân wêze.' Jawisse, mar ditsoarte
gemienplakken kinne wy mar better net hearre litte.
Jan J. Bylsma (1931) wit dat froeger alles better wie want doe kaam de dokter en no
krigest 'nei hiel wat skiljen en gesanger / de singeneurige ferfanger.'
En sjochdêr, de twillingbroer fan de Klisjeekoaning: Freark Dam (1924). 'En wannear / sit
aanst wêrearne op hokker hikke / de alderlêste skries? / Ik wol 't net witte...' Ik al,
want dan hingje ik de flagge út: wer in klisjeefûgel minder om de Fryske poëzy te
fersmoargjen! En dan de ein fan Dam syn gedicht: '...Mar wat ik witte wol oant it
alderlêste / Fryslân fan alle lannen 't alderbêste.' Halleluja. En dat fan de dichter
fan it gedicht oer Joadebern, dat my ta triennen ta ûntroerde. Lokkigernôch is ús
Lêste Oardiel basearre op it bêste gedicht, net op it minste. En it bettere kin sûnder
it mindere net bestean.
/.../Ik soe beide bondels keapje omwille fan it rynsk ferskaat dat se biede, de iene
bondel [Do bliuwst wol Do wol] soe ik foar mysels keapje en de oare [Snie & Iis] foar
heit & mem. Dat der safolle klisjees yn steane, dat is de poëzy no ienris hiem. De
moraal fan myn ferhaal: by in min gedicht kinne je je likegoed fermeitsje en skrieme of
laitsje as by in goed gedicht, al is it ek om oare redenen.
Hjir, Eric Hoekstra, april 2001, nr. 2
Optimistysk binne de measte dichters net oer Fryslân
yn it nije milennium.
/.../ Yn de bondel steane wat tefolle programmatyske fersen dy't net djip dolle. Dêrtroch
is de blomlêzing wat saai. Dat hat grif te krijen mei de opdracht, want dy liket
tradisjonele en konservative assosjaasjes op te roppen.
/.../ as almanak fan hjoeddeiske Fryske dichters aardich slagge. Mar de seleksje hie om my
gâns kritysker mocht!
Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 16 maart 2001
Het is opvallend hoeveel prachtige gedichten speciaal
voor deze gelegenheid geschreven zijn /.../ en het zijn ook niet de minste dichters die
meededen: o.a. Freark Dam, Jan Dotinga, Tiny Mulder en Tsjits Peanstra van de oudere
generatie. Willem Abma, Jan Kooistra en Margryt Poortstra o.a. van de gevestigde dichters.
En Albertina Soepboer en Eric Hoekstra van een jongere generatie. Sommige gedichten hebben
echt het Friesland van de toekomst, met internet en gedigitaliseerde
melkproductieprocessen, tot onderwerp. Andere zijn universeler, van Abma bijvoorbeeld of
een prachtig gedicht van Harmen Wind over het laatste woord.
Nederlandse Bibliotheek Dienst, Jelle van der Meulen, 15 febrewaris 2001
Do bliuwst wol Do wol - Fryslân nei 2000
In samling gedichten oer it tema: Fryslân nei 2000
2000
ISBN 90-73554-59-4
80 siden
EUR 15,88 |