

| Goeie is it wachtwurd | Skriuwer | |
![]() Gedichten Resinsjes (fragminten) /.../ in debút wêryn't de dichteresse it benammen fan
de yntinsje, de ynhâld hawwe moat. Yn de foarm is dizze ienfâldige, gauris te
anekdoatysk tekene poëzy, no daalks net de grutste iepenbiering, om dêr mar ris in
eufemisme om te brûken. Dochs stiicht dy poëzy út boppe it anonime sljochtweihinne en
dat sit him net allinne yn Spoelstra har hechte taal, mar ek yn har oangenaam lichte en
iroanyske toan, ien dy't der noed foar stiet dat dizze poëzy 'wat' hat, yn de sin fan in
eigen lûd. De fersen fan Spoelstra binne earlik, hawwe hjir en dêr wol wat wei fan dagboekfragminten yn poëzijfoarm. It is yn alle gefallen oprjocht sat Spoelstra skriuwt, har gedichten hawwe sûndermis in eigen lûd. Oan literêre babbelegûchjes hat dizze dichteres it mier. Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 22 april 2004 De dichteres weet een sfeer op te roepen die past bij de
inhoud. Op een enkele uitzondering na - het traditionele sonnet - bevatten de gedichten
geen rijm; ook beeldspraak vindt men niet in overvloed. Over het algemeen zijn de
gedichten geschreven in een modern, vrij spreektalig Fries, realistisch beschrijvend. Dat
alles maakt deze bundel heel toegankelijk voor degenen die de Friese literatuur een warm
hart toedragen. Wat my oanstiet yn it dichtwurk fan Janneke Spoelstra
is de ienfâld en de direktens fan har formulearringen. Se hat net folle wurden nedich: yn
ienfâldige en oansprekkende bylden wit se situaasjes oan te tsjutten. Mei tal fan fersen yn har debútbondel Goeie is it wachtwurd bewiist Janneke Spoelstra (1962) dat it bestiet, ek yn it Frys: lytse poëzij dyt net plat is, of just kopke-ûnder giet yn fage suggestjes fan djipsinnichheid, mar in poëzij dyt mei syn minimalisme folslein oertsjûget. Dat sil grif meikomme omdat Spoelstra in persoanlik ferhaal fertelt. Dizze bondel is gjin samling fan op harsels steande poëtyske ynfallen, mar in skiednis, dêrt de lêzer dalik fan oannimt dat dy ferteld wurde moast. Boppedat is der it geheim fan de Spoelstra-observaasje. De Spoelstra-toan. Nofter en faak mei irony dichtet Janneke Spoelstra yn in pear rigels byinoar wert in oar in heel ferhaal foar noadich hat. /.../ Hoet in famke op in doarp opgroeit yn in lost paradise, der achter komt dat sy lesbysk is, der foar út komt, in leafste fynt en har deljout yn in nijbouwyk - der giet Goeie is it wachtwurd oer. Dat ferhaal wurdt fierhinne gronologysk ferteld yn fiif skiften fan yn totaal 43 fersen, dyt hast allegear earder publisearre binne yn tydskriften, skriuwerskalinders en sammelbondels. De earsten ferskynden al yn it midden fan de jierren njoggentich. Sa is it debút fan de redaktrise fan Hjir de delslach wurden fan tsien jier dichtsjen. In protte prizen hat Spoelstra oan no ta net wûn - yn 1997 krige sy de Poëzieprijs van Friese vogelbeschermingswachten foar is fers Ferskining fan maityd - mar dat seit neat. Dat foar dizze bondel gjin subsydzje loskaam fan it Produksjefûns ek net, nee, dat is ûnderwilens hast earder in bewiis fan kwaliteit. /.../ De Spoelstra-observaasje, wat is dat? Yn it fers
Do wurdt in leafdesrelaasje tekene mei twa, trije bylden út in fakânsje op
it eilân: sy is it helmgers, de dichter it stosân. Sy is de koele lotion op e
sinnebrân. Sy is de jittik op myn langpoatstekken. Om sokke bylden is net
socht, sa komt it op e lêzer oer. Se binnen natuerlik en dochs orizjineel. Yn
sobere rigels brocht, treffe se yn ien kear doel. Mar like maklik makket Spoelstra poëzij
út in abstrakt gegeven as de Europeeske yntegraasje. Yn it fers Ienwurding
wurdt it oangean fan in relaasje ferlike mei it opheffen / fan e
binnengrinzen, yn de uny mei ferdrach dyt slúten wurdt. /.../ Spoelstra set de lêzer mei in pear wurden oan it
tinken. Achter it lytse traaljewurk fan wurden is gauris in djipte te merkbiten dyt
gâns fersen yn dizze bondel heech úttilt boppe it anekdoatyske dat faak allinnich de
oanlieding is.
Goeie is it wachtwurd |