
Resinsjes (fragminten)
De fersen bliuwe te faak oan 'e bûtenkant; se binne in
slach te eksplisyt
/.../ De toan mei bytiden synysk wêze, it kin net ferhelpe dat datsoarte fersendirekt of
yndirekt in programmatyske c.q. prekerige kant hawwe. De spanning fan it yn foarm en styl
sa rynsk spile spul om in morele kar, sa't dat yn 'De stêd, it buist, de ingel' it gefal
is, is yn dy fersen fuort; der is inkel noch sprake fan in plat en plan-út ôfwizen fan
guon maatskiplike ferskynsels . De moraal leit der te tsjok boppe-op, net liker as wist de
dichteresse fan alle Grutte Wierheden en Wiere Deugden.
In part fan de poëzy yn 'Hân oan 'e muorre' , wêryn't it lykas yn 'De stêd, it bist,
de ingel' wer draait om de macht en it ûnôfhinklik en selsstannich lêzen fan de tekens
út skiednis fan hjoed en no, mei navenant alle Grutte Fragen, makket boppedat de yndruk
dat it in residubestân is fan 'De stêd, it bist, de ingel'. Guon rigels keare bytiden
letterlik werom.
De Moanne/Trotwaer, Eeltsje Hettinga, maart 2005
Aggie van der Meer is in
maatskippij-krityske, belutsen dichter, dy't opskriuwt yn dichtfoarm wat har dwerssit,
argewaasje jout of kûgelsk makket. Sadwaande hat se faak 'alle gelyk fan de wrâld' en
trapet se iepen doarren yn en wurdt de lêzer wurch fan al dat bewearen, útlizzen en
gelykhawwen. It is út de tiid wat Van der Meer docht en dat is fansels krekt har punt: it
is slim dat wy ús net mear drok meitsje wolle om wat der allegearre foar 'ferkeards' bart
yn 'e wrâld. Dat is dus it misferstân: dat wolle wy wol, mar wy wolle net mear op sa'n
toan oansprutsen wurde; wy wolle graach witte hokker útwurking dy argewaasje en lulkens
op de dichter as minske hawwe: hoe beskiede dy har libben en tinken, fielen fan leafde en
haat, faaks. Hoe is it nammers mooglik dat se noch libje kin mei sa'n lêst op 'e rêch.
/.../ Sa net, de dichter hantearret it ark
profesjoneel, der steane moaie rigels yn en fernimstige wurdkombinaasjes, mar de dichter
sit sels te min yn dy wurden en rigels. De ôfstân is te grut en de lêzer hat te faak de
gelegenheid om te sizzen: It sil 't wol.
/.../ Men soe winskje dat Aggie van der Meer har talinten nochris brûkt om tichter by
harsels en by hûs te bliuwen. 'Alles is yn alles' sei de grutte master Obe Postma, dus ek
yn ússels en op ús eigen hiem. Of sa't Ida Gerhardt dichte: 'Het licht begint te
wandelen door het huis en raakt de dingen aan. Wij eten ons vroege brood gedoopt in zon.'
yn it fers Zondagmorgen. Gewoane wurden, mar sa fol fan wat se sizze wolle dat se genôch
binne om 'alles' út te drukken. It is it besykjen wurdich.
Friesch Dagblad, Tsjerk Veenstra, 23 oktober 2002
/.../Ik hie grutte muoite my yn dizze gedichten yn te
libjen. En ik wit ek wêrom. Aggie van der Meer ropt mei gefoel foar ûnrjocht, mei gefoel
foar macht, ûnmacht en oermacht grutte begripen op. Mar de lêzer wurdt dêrtoch net mei
wat nijs oerfallen.
/.../ de poëzy slacht dea yn in opsteapeling fan konstatearringen, fan feiten en sabeare
feiten
/.../ In bulte fan dizze fersen - benammen dy yn de beide earste dielen fan de bondel -
binne skreaun út in protesthâlding tsjin tsjerklike en wrâldske machten.
/.../ Mar dat protest giet meastentiids ferlern yn holle wurden.
/.../ En wat noch slimmer is - of miskien wol it alderslimste -, nearne blinkt it
persoanlike lûd fan de dichter troch.
/.../ it komt jin net oan 'e hûd. Nearne fynt de lêzer in subjektive opfetting. Nearne
treft er selsbyld en selshâlding.
Trotwaer, Durk van der Ploeg, juny 2002
/.../De measte gedichten sitte nammentlik foarmtechnysk
goed yn elkoar, grôtfol bibelske bylden en histoaryske stof, binne programmatysk en
moralistysk. Mei't deselde tema's hyltyd weromkomme, leit der in konsistinte bondel foar
ús.
/.../ Oer it generaal blykt Aggie van der Meer by steat om in goed programmatysk fers te
dichtsjen. Sels yn dizze oer it generaal slagge te neamen bondel steane lykwols ek minder
goede fersen.
/.../ Benammen om't de dichteresse by steat is om ferteltechnysk goede fersen del te
setten, hat de lêzer fan 'Hân oan 'e muorre' net gau syn nocht fan alle wiisheden.
Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 19 april 2002
Hân oan 'e muorre
gedichten
2002
ISBN 90-73554-69-1
96 siden
EUR 12,00
|