boekenlogo.gif (1582 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Hege flecht Skriuwer

Klaas Feenstra
 




fersen

De mânske sammelbondel befettet mear as twahűndert fersen, űntstien yn ’e jierren 1989 o/m 2008. De bondel lit in breed skala oangeande tematyk sjen: natoerlyryk, religieuze gedichten, fersen oer it libben fan al den dei - hjir en dęr mei in myld-kritys each nei minske en maatskippij - en bygelyks in ferskaat oan haikű.

Resinsjes (fragminten)

Utjouwerij Frysk en Frij is rynsk en rejaal, mar tige nuttich yn ’t swyljen fan it wurk fan dichters dy’t let debutearje čn har libben lang al dichtsje sűnder dęr pretinsjeus oer te dwaan. De widze fan dizze nestor stie yn Nijlân en der moat hast wol in alvestędetocht west ha. Klaas Feenstra (* 1929 yn Nijlân) krige 266 siden taparten foar syn sammelbondel.

It is in bondel fan meast tradysjoneel skreaune gedichten, mar ek it frije fers mijt de dichter net, in boek dęr’t in grut engaazjemint yn útkomt mei wille oan taal.     Ik socht wat op flecht en fűn Flechtling en Flechtich; ik soe net sykje dat it each bleau stykjen op side 190, it rekkensomke is maklik diskear:

NJOGGENENTWEINTICH

knibbelhege snie
de wazem fan de skerne
hoar oer ’t gea in trein

blommen op it rút
yn ’e skoarstien fűl dy stoarm
widze by de hurd

jűkels yn ’t bűthús
iis yn de reinwettersbak
auto’s it waad oer

alvestędetocht
matsjedoars yn wyt habyt
de sterkwettertean

âld wiif op it iis
monotoane goatedrip
snie fan ’t dak: plof... plof...

Lęste side fan haadstik 5; it blike haikű... dy’t ik meast mij, mar ja no wie’t wer ris in űntdekking. En Wobbelke sil lęze, bliksum! Klaas Feenstra hat syn boek net dęrom de wrâld yn stjoerd; ik kin my begripe dat it moai opskjinnet, sa’n kophimmeljen.

Ik pak hjir wat ekstra romte troch noch in earderneamd gedicht fan d’ âld dichter te presintearjen. It stiet op side 222:

FLECHTICH

De krante knistert by it omslaan.
In heal each op de skűtelbank
rint alderwenst kolommen nei.

It sit hjir sműk yn sinneskyn,
de krante en in romer wyn –

It heakket, in âlde namme seit
dat wer de sichte yn it graan
omsloech; de wylde meander wankt –

Syn libben, as in stjer hie ’t blonken;
No is it yn it tsjuster gręf fersonken.

It taast my eefkes yn it moed –
En ik hie sűnder euvelmoed
sa nyskes noch myn wyntsje dronken.

De nije krante komt moarnier
en dizze komt by it âld papier.

De lęste twa strofen kin it wol sűnder, mar kinst dizze bondel mar better hâlde, ek al is er as in telefoangids sa tsjok. Wurdst dochs wol beleanne ast wat yn it boek omlęst. Feenstra is gjin flauwe fint. (jqs)

Feenstra hat omtinken krigen fan Pier Boorsma yn it FD en fan Wind yn ‘e LC.

Boorsma: ‘Feenstra is gjin profesjonele dichter, mar hy wit soms moaie resultaten te berikken. Dizze gedichten moatte net űnderskat wurde: se foarmje it daai, dęr't yn in kultuer de bettere fersen út op rize’.

Wind: ‘Jo hoege net sa lang te sneupen om te konkludearjen dat Klaas Feenstra gjin avangardist is. Hy kiest foar de bewende paden. En dat docht er betűft. Syn haadtema’s komme út de romantyske hoeke: natoer, ferline, leauwe, plakken. Ien bewend tema komt wat oan ’e krapper ein: de leafde. Dy wurdt rjochte op de natoer, it libben. Net op in libbene. Fan erotyk is gjin sprake.   Freonskip liket de dichter dierberder’. en ‘In strangere seleksje hie de kwaliteit ferhege. Lykwols, Klaas Feenstra mei dan ‘De driuw fan elts poëtehert:/ienris te stean op iensume hichte’ ôfdwaan mei: ‘It resultaat, nei ’t my de harsens kreaken (…) Dęr leit er dan, de lilkert, poerlik neaken’- dat oardiel docht dizze oerfloedbondel perfoarst űnderstek’.

Dat ik sil net eamelje oer mear redaksje ensa.

JQ hat it net sa op haikű stean, al is hy oer dizze wol te sprekken. Spesjaal foar him op side 187:

DICHTSJE

ynmoedige writen
gâns sliepeleaze nachten
skeamel resultaat

Skeamel falt wol wat ta, Feenstra! Mar ach, dy twivel. Twijfel is het begin van wijsheid (R.D.) moat je mar tinke.

ensafh., Frysk literęr tydskrift, jiergong 1, nűmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009


It fers op de foarside [fan Lyts Frisia] is fan Klaas Feenstra, út Nijlân yn de âlde Middelsee /.../ letter út Burgum. In bondel fan 262 siden, dus net neat, mei heel wat moaie natuerfersen en anekdoatysk wurk; fierder: 'Troch de natuer en de seizoenen', 'Grienmank fan wederwarichheden' en 'Kriten en kontreien'.

Wa't Nijlân mei de moaie tsjerke ken, wit dat der mannich trou tsjerkelid wenne en jit wennet; dus ek yn de bondel in skift 'Ýnblaasd fan 'e wyn'.

Dit is noch gjiniens alles. Klaas Feenstra hat yn heel wat blęden en periodiken publisearre /.../ Grif de muoite en it lęzen wurdich, somtiden skerp, altyd te begripen.
Lyts Frisia, desimber 2009


/.../Oan de titel Hege flecht is in ferhaal ferbűn. Sűnt twatűzen korrespondearret Feenstra mei in Ghanees dy't finzen sit yn Thailân. Op in dei seach Feenstra in kondinsstreep fan in fleantúch heech yn 'e loft. Dy streep soe de dichter ferbine mei de Ghanees. Syn tinzen namen in 'hege flecht' en dat waard de titel fan de bondel en fan it gedicht mei deselde namme.
Ik sitearje de earste strofe:

myn tinzen nimme in hege flecht en 'k sjoch
it flimende beweech tsjin it himelblau:
in wite kondinsaasjefeech dy't krűpt
en al mar fierder krűpt, in sturt dy't langer
koarter wurdt, dy't tynt, ferwaait, tel ta
fragminten keart, weiwurdt yn it neat, ferdwynt as
hied er nea bestien as ien, fergetten yn
in neare sel yn prison Nonthaburi

/.../Feenstra is gjin profesjonele dichter, mar hy wit soms moaie risseltaten te berikken. Dizze gedichten moatte net űnderskat wurde: se foarmje it daai, dęr't yn in kultuer de bettere fersen út op rize.
Friesch Dagblad, Pier Boorsma, 28 febrewaris 2009


/…/Om him better op it dichtsjen ta te lizzen, folge er kursussen by it FLMD en letter by Tresoar. Hy krige űnder oaren les fan dichters as Tsjębbe Hettinga en Albertina Soepboer.

Ynfallen foar fersen hat er op alle oeren fan de dei, mar benammen nachts. Dęrom leit der ek altiten papier op syn nachtkastke. “As ik op in idee kom, is it wol saak om dat daliks op te skriuwen. Soms leit sa’n oanset ta in fers der in hiel skoft en dan moat der hieltiten wer oan slipe wurde. Ien wurd kin in gedicht fersteure en dan pak ik der tiden mei om. Soms ha ’k ek samar in fers klear, mar dat bart mar in inkelde kear.’’

‘Hege flecht’ is in yndrukwekkende bondel wurden. Der stean mar leafst sa’n twahűndert fersen yn. Wa’t de bondel trochnimt, komt ta de konklúzje dat Feenstra alle fersfoarmen oan kin, fan it strange sonnet oant en mei de haikű en it frije fers, hoewol’t er oan dy lęste fersfoarm – it rymleaze fers – earst bot wenne moast. Troch de kursussen krige er lykwols hieltiten mear wurdearring foar de frije foarm.
Lyts Frisia, tydskrift foar fryske striid en literatuer, Jan Jongsma, septimber 2008


/…/Boem! Dęr leit er. In boek as in baas roman. Mear as twahűndert gedichten yn ien smeet. Dat it daliks mar dúdlik is: dit is gjin man fan tuike-tuike.

/…/Jo hoege net sa lang te sneupen om te konkludearjen dat Klaas Feenstra gjin avangardist is. Hy kiest foar de bewende paden. En dat docht er betűft. Syn haadtema’s komme út de romantyske hoeke: natoer, ferline, leauwe, plakken. Ien bewend tema komt wat oan ’e krapper ein: de leafde. Dy wurdt rjochte op de natoer, it libben. Net op in libbene. Fan erotyk is gjin sprake. Freonskip liket de dichter dierberder.

Neist romte foar de frije foarm hat er in soad omtinken foar klank (rym), strofe-opbou en byldspraak yn tradysjoneel-sletten fersen.

/…/Net tasongen, mar wol neisongen, wurde dichters as Douwe Kiestra en Fedde Schurer. Fan beide de religieuze grűntoan.

/…/Net alles is besiele. Frijwat gedichten binne berjochten op rym (benammen yn it langste skift, ‘Grienmank fan wederwaardichheden’). Wat té tagonklik is, mei gjin hinnekommen mear hjitte. In stik of sân gedichten ha ek in Hollânske ferzy. Dat hat ek net altyd in lokkige kar west. Wat yn it Frysk stân hâldt as fertroud, komt yn it Nederlânsk al gau oer as âldmoadrich.

In strangere seleksje hie de kwaliteit ferhege. Lykwols, Klaas Feenstra mei dan ‘De driuw fan elts poëtehert:/ienris te stean op iensume hichte’ ôfdwaan mei: ‘It resultaat, nei ’t my de harsens kreaken (…) Dęr leit er dan, de lilkert, poerlik neaken’- dat oardiel docht dizze oerfloedbondel perfoarst űnderstek.
Leeuwarder Courant, Harmen Wind, 23 maaie 2008


Ruim tweehonderd gebundelde gedichten uit de periode 1989-2008 van de Friese dichter Klaas Feenstra (1929), van wie eerder alleen kleine uitgaven verschenen.

De gedichten zijn begrijpelijk, ze rijmen veelal en verrassen soms bepaald door woordenschat en treffende uitingen. Thema’s zijn o.a. de natuur, het persoonlijke, godsdienstig geloof en het eigen, innerlijk leven.

Ze lenen zich om voor te lezen en zijn geschikt voor zowel een eerste als een meer verdiepende kennismaking met de (Friese) poezie.
Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, G. Abma, 23 maaie 2008.

 

Hege flecht
fersen
2008
ISBN
978-90-8566-017-0
268 siden
EUR  20,00