

| Hookstrooks trije hollen mear | Skriuwer Giny Bastiaans
(tekst) |
|
![]() Nije mearkes - ferhalen en ferskes foar 8 oant 118. Omslachtekst Dit allegear byinoar,
stammere ik, bin ik. Resinsjes (fragminten) De flage fan de ûndertitel 'Nije mearkes' dekt de
lading net alhiel, teminsten net wat de gedichten oangiet. De measte dêrfan binne
ympressys of anekdoates, faak mei bisten yn de haadrol. 'It waarmantsje fan 'e heide'
dy't it elkenien net nei 't sin meitsje kin, is dêrop in útsûndering. Yn dat ferhaal op
rym binne eleminten fan in mearke te finen. Under it foarlêzen oan bern kinst as folwoeksene it
laitsjen bytiden hast net ynhâlde. /.../ Troch de grizelige tekeningen krijt it mearke in
grizelige útstrieling. It wurdt der lekker eng fan en dêr binne de measte bern hjoed de
dei gek op. Dit boek mei nije mearkes yn 'e foarm fan fersen en
ferhalen is nefens de flaptekst gaadlik foar in lêzerspublyk mei in leeftyd fan 8 oant
118. Foar de alderjongsten út dy doelgroep sille guon ûnderwerpen en teksten miskien de
drege kant noch neist wêze. Vanaf 8 jaar, maar ook volwassenen zullen een aantal
met veel plezier lezen. Fierders De boekpresintaasje yn 'e folle seal yn it Tytsjerkster
doarpshûs waard in feestlik barren mei ûnder oaren foardracht, sang, muzyk en eksposysje
fan de tekeningen út it boek. Der wurke in grut tal artysten mei. De measten dêrfan
wiene, lykas Giny Bastiaans sels, dielnimmers fan it kollektyf 'Los sân'.
Hookstrooks trije hollen mear |