

| Kuiers of definysjes fan in ik | Skriuwer | |
![]() proazagedichten Resinsjes (fragminten) Kuiers of definysjes fan in ik/Willem Abma: Neffens de Ierske dichter Seamus Heany moat elke
dichter himsels nei ferrin fan tiid definiearje. Dat is ek itjinge wat de poëzy fan
Willem Abma driuwt, benammen yn syn lêste en tagelyk ek syn bêste bondel 'Kuiers of
definysjes fan in ik' (as it om syn lêste trije bondels giet). It ûnbepaalde fan it
lêste haadwurd 'ik' is typysk foar ien fan de grutte tema's út de moderne poëzy: it
sykjen om identiteit. Dy wurdt by Abma ûnder mear bepaald troch de kamp tusken skyn en
wêzen. Dêr lit er him by sjen as in fanatike wierheidssiker. Hy wol himsels moetsje, as
it heal kin yn poëzy. Gedichten wurde definysjes, mar hâlde in foarriedich karakter. Dat
hâldt Abma syn poëzy iepen, jout dy ek har romte. Wat de dichter nei it weibringen fan
de mytyske en kristlik-kalvinistyske 'faders' oerbleaun is, is it ryk fan de poëzy.
Fersen rikke him de boustiennen oan foar it delsetten fan de timpel fan it eigen Sels. De
poëzy as in foarm fan religy? Ja, sij it dat Abma him dêryn manifestearret as in
agnostikus, in dichter, op 'e kuier troch in (ynderlik) lânskip, al sykjend en
wrakseljend om de god fan en yn himsels. /.../ Ynhâldlik bliuwt Abma, ek yn dizze lêste bondel, syn eardere ûnderwerpen en tema's trou. Waard yn 'Te fûnling' al preludearre op it motyf fan it sichtbere en ûnsichtbere, - Abma's fariant op it âlde, klassike tema fan skyn en wêzen en witten en net witten - yn 'Kuiers' is der oer alle boegen it besykjen om foarby dy dialektyk te kommen. Dêr slút er oan by it idee fan Gustafson dat by alle tsjinstridichheden yn filosofyske wrâldbylden dochs ergens in oarspronklike gedachte wêze moat, in ûnderling ferbân tusken de dingen. De grûntoan by dat sykjen nei in objektive werklikheid, dy't it ryk fan de sintugen oerstiicht, is dy fan Plato, mei dit ferskil: Abma lit him net fêstlizze troch ien, yn it foar fêststeande en alles omfiemjende Idee. It giet him om de reis, kuiers, dy't it ûndersyk nei it wezen fan werklikheid en identiteit tsjinje. Dêrby is sprake fan in djippe langst om binnen it No de dingen te kennen, mar dêr ek mei gear te ranen. Dit is dyn momint./ Kameleon. / Wyt. / Wist. / Biste. / Dyn ynhâld siket foarm. / Wês. / In soartgelikens tinken is ek by Gustafson werom te finen. Slim, dat Abma him by dat stribjen oplûkt oan dy troch him bewûndere 'fader'? Nee. Abma is in dichter dy't no ienkear net sûnder goaden kin. Nei de kamp mei alle mytyske en kristlik-kalvinistyske goaden, ynbegrepen dy mei de ierdske 'heit', is der blykber it ferlet en sykje de striid mei in nije god: de poëzy, mei alle dichtersgoaden dy't dêrby hearre. Yn dat as metafysysk te omskriuwen ryk is Abma de agnostikus, besykjend om foarby alle skyn troch te kringen ta it wêzen fan it eigen Sels. Syn fersen beslagge fandatoangeande in moaie kombinaasje fan de 'suvere poëzy' wêryn't it fers sels, lês: de taal faak ûnderwerp fan ûndersyk is, en de 'net suvere poëzy', wêrby't it fers mear beskôge wurdt as in karre foar it útsuteljen fan ideeën. 'Kuiers' is te beskôgjen as in queeste: it (fragmintaryske) ferhaal fan in syktocht nei in identiteit, nettsjinsteande it bewitten dat dat net kend wurde kin. It giet om in aventoer, it sykjen nei wizen, wegen, - kuiers - dy't it mooglik (!) nei in ienheid, in wierheid liede kinne soene. By Abma komme alle tsjinstellings út inoar fuort of folgje inoar op, sa't soks no ienris bart binnen de stream fan Tiid. Dêr slút Abma oan by de âlde Gryk Heraklitus dy't dêroer seit: alles is ien mar dy ienheid tagelyk beskôget as de grutte kamp fan de tsjinstellings. Tsjinoer dat idee, dat men ek tsjinkomt by Obe Postma en dat tagelyk in yllustraasje is fan Heraklitus syn tinken oer it alles streamende en ivich duorjende (!) nimt de dichter yn 'Kuiers' posysje yn fan it willeaze subjekt, dat him ferskuord en allinnich wit tsjinoer it riedseleftige fan Tiid har 'sinne-omgong'. /.../ By alle dialektyk dy't Abma syn wurk tekenet, wurdt besocht om ta definysjes fan in identiteit te kommen, mar gelokkich net dé definysjes. 'Kuiers' is fandatoangeande in modern ferhaal, in sykjen nei de graal fan it Sels, /.../ /.../ Yn ferliking ta syn earder wurk hat Abma net
sûnder súkses nei fernijende foarmen socht. Dat mei namste mear sjoen wurde as in bewiis
fan in troch him noch altyd fierder ûntjaand dichterskip, tekene as dat is troch in sterk
filosofyske ynslach, mei in ienselvich, Stabat Mater-achtich karakter. Mei de krêftige
ynhâld, de sterke fisualiteit en it doaren om nije foarmen oan te gean, wint 'Kuiers' it
fierwei ôf fan de faak te ferstanlike en soms te folle út de boekekast wei skreaune
bondels 'Moeting' en 'Te fûnling'. Yn 'Kuiers' lit Abma him sjen as de sterkere dichter
dy't syn eigen anxiety treast wie, de striid oangie, net allinne mei syn bewûndere
foarbylden Transtrømer, Gustafson en Postma, mar beammen mei himsels. Yn dy kamp
ferslacht Abma Abma. Fandatoangeande hat de dichter, benammen yn de foarm, in prachtige
'fadermoard' op himsels dien. Mei't Abma yn de bondel hieltyd deselde metafoaren mei
lytse fariaasjes derop weromkomme lit, is 'Kuiers' tige konsistint opboud. foardiel
dêrfan is dat de lêzer de kuiertocht fan in dichterlik ego yn alle skakearringen frij
maklik folgje kin. Ut de bondel docht bliken dat de fersen oer it lânskip
de muoite wurdich binne mar dat de gedichten oer himsels faak gjin poëzy opleverje. It giet yn dizze bondel benammen om 'wa bin ik', der
binne in soad ferwizingen nei dit tema. Op s. 20 wurdt sein dat de solipsist nei binnen
harket. Solus=allinne, ipse=sels. In solist is ien dy't de wurklikheid allinne kin troch
himsels. It betsjut ek solisme: op side 24 giet it oer pine fan in solist, dy't
ôfwêzigens mear fielt as dat er oanwêzichheid mist. En op deselde side skriuwt de
dichter 'men is sels de priis foar wat it libben biedt. It eigen inerlik de pinkoade'. Dat
is moai fûn. In deze nieuwe bundel staan 44 gedichten,
waarvan een aantal een bewerking van gedichten van Lars Gustafson. Hjir en dêr fersûp ik as lêzer wolris yn in see fan
wurden, as Abma al te útlizzerich wurdt. Mar it is krityk yn 'e marzje, want wa't de
muoite nimt om dit wurk fan Abma yngeand te lêzen sil ryklik beleanne wurde mei prachtige
rigels as: 'Gjin tearder kjeld as de snieflok / teiend op 'e hûd fan hân en wang'
Kuiers of definysjes fan in ik |