

| Oerfeart | Skriuwer | |
![]() histoarise famyljeroman Omslachtekst Yn de histoarise roman 'Oerfeart' fiert Aggie van der Meer petearen mei har joadse foarfaar en har Dütse beppe. Dêrfoar hellet se har oer fan it Ryk fan 'e Dea nei dat fan it Libben. De alden fan Markus Sekkel wienen net om 'e nocht ut de Dütse lannen wei nei de Republyk fan 'e Ferienige Nederlannen flechte, al wisten se dat se ek dêr net mei iepen earmen ferwolkomme wurde soenen. Se moasten om te begjinnen noch mar ôfwachtsje oft se de nedige papieren krije soenen. Dat soe ynearsten rest jaan. Al it oare dêr't minsken nei ütsjogge: in hüs, in knappe nearing, it goed meiinoar buorjen, wie tajefte. Wêr't se wis fan wêze koenen wie de foarriedige treast fan lotgenoaten. Resinsjes (fragminten) /…/ Yn dit boek barre oan de iene kant de meast fantastyske dingen: famyljeleden wurde samar oerhelle út it deaderyk en der skarrelje noch in stikmannich oare spoeken oer de siden; it hûs praat in wurdsje mei en minsken dy’t der kweade bedoelingen mei hawwe, brâne har letterlik de hannen oan it skilderij fan It Nachtmiel. Mar op oare plakken komt it blykber tige op de krekte feiten oan. Dat pakt yn myn eagen net al te gelokkich út. Ik ha neat tsjin op skiednis en ik bin út dit boek beslist mear gewaarwurden oer it libben fan de joaden foar de twadde wrâldoarloch en de roomsen yn in foar in grut part protestantse omjouwing. Mar it lêzen fan skiednis jout no ienris in oare foarm fan genot as it lêzen fan in roman en dat is binnen dit boek net oars. It gehiel hat dêrtroch wat ûngelykwichtichs: it hat histoaryske en romankomponinten mar mist de ienheid dy’t de flagge histoaryske roman suggerearret. /…/ By Van der Meer is humor perfoarst ek ien fan de dingen dy’t my oanlûkt. It is in soarte humor dy’t mei in serieus gesicht brocht wurdt en earder opropt ta glimkjen as ta in bolderlaits. Meastal is it ferpakt yn lange typyske Van der Meer-sinnen. /…/ Al mei al is
Oerfeart yn myn eagen in ynteressant eksperimint dat net op alle fronten
hielendal befrediget, mar genôch te bieden hat om it mei nocht te lêzen. /.../ Yn al har wurk, mar benammen yn har debútbondel
/De stêd, it bist, de ingel /(2000) en de ferhaleroman /Untdekking fan 'e wrâld/ (2004),
kiest Aggie van der Meer posysje. Dat is ek it gefal yn /Oerfeart/. De machtsmeganismen
dy't in rol spylje yn religy en polityk en ta oarloch liede, natuer en miljeu en de
posysje fan de frou binne allegeduerigen weromkommende eleminten yn har wurk. Yn it
betsjoenend moai skreaune boek /Untdekking fan 'e wrâld /waard it eigen libben beskreaun,
fan de ferwûndering fan it bern oant en mei it - âld en wiis - weromsjen. It eigen
libben krige syn plak yn de ûntjouwings fan dy wrâld; neist in eigensinnich aard moat de
Twadde Wrâldkriich bepalend west ha yn it tinken fan de skriuwster oer fraachstikken fan
oarloch en frede. Wat yn de wrâld bart, oft dat no op it mêd fan de polityk, de religy
of keunst is, alles komt by elkoar yn it stedsje Boalsert. Beheint de skriuwster har yn
/Untdekking/ foar it grutste part noch ta it eigen libben en it eigen tiidrek, yn Oerfeart
giet it om de skiednis fan Boalsert, Fryslân, Europa en de wrâld./.../ De schrijfster haalt voor deze familieroman haar
joodse bet-overgrootvader Pieter Michiel en haar Duitse grootmoeder Augusta uit het
dodenrijk naar Beth, haar geboortehuis. Gedrieen maken ze reizen door de politieke,
religieuze en kunstzinnige historie vanaf het jaar 1619 tot de 21ste eeuw. Rode draad is
een schilderij van Het laatste avondmaal, dat steeds op mysterieuze manier verschijnt en
verdwijnt. Na de symbolische 40 hoofdstukken kunnen in hoofdstuk 41 conclusies worden
getrokken. Leert een mens iets van de geschiedenis? Wat zijn de sporen die hij nalaat, en
welke invloed oefenen die uit op het nageslacht? Maar ook: welke karaktertrekken erven
familieleden van elkaar? De beknopte stamboom achterin biedt houvast in het woud aan
voornamen. Knap gecomponeerde roman, geschreven in een rijke, poetische stijl. Soms zijn
fragmenten te informatief en impliciet, wat het geheel tot pittige kost maakt. / / De prachtige poëtyske en direkte styl soarget foar trochlêzen as it wat dreger wurdt. Fierder sjocht men de trije gesprekspartners libben foar jin. Ek lit de skriuwster har net ferliede ta inBack to the future-effekt, wat maklik kinnen hie. Se behannelet net alle uterlike ferskillen tusken froeger en no, mar hâldt har by har ûnderwerp: it gedachteguod fan e mins. En ynstee fan sels ôf te reizgjen nei it ferline, lit
de ferteller it ferline nei har ta komme. Alles wurdt ferklearre fanút it hjoeddeistich
stânpunt en sa skimeret der wat maatskippijkrityk troch Agatha har beskriuwings fan de
wrâld. Troch dy kar lit dizze auteur fan hast 80 sjen, dat se midden yn e wrâld
stiet.
Oerfeart |