

| Pauwehôf | Skriuwer | |
![]() roman Omslachtekst Yn de Pauwehôf wurdt út en troch referearre oan de troch Albin Biblom gearstalde 'The Journals of Jacob Mandeville'. De Pauwehôf is in âld bûten. Yn twa fan 'e trije huzen wenje minsken, dy't by al har ferskillende ideeën oer libben en gelok, mei deselde fraach sitte: wa is de man dy't sûnt koart yn it tredde hûs wennet. Resinsjes (fragminten) /.../ Aggie van der Meer hat each en hert foar
har personaazjes sûnder se te ûntsjen en dit is in grut talint te neamen. De persoanen,
hoe ferskillend fan aard ek, wurde allegear mei leafde en respekt delsetten, dit is echt
in kwaliteit fan 'e skriuwster. Pauwehôf hat net de folsleinens yn opbou fan har
proazadebút en likemin it poëtyske, it surrealistyske fan de ferhaleroman. Lykas har
earstling is it ferhaal goed nei te kommen; de foar har wurk sa typearjende skitterende
'Aggie-styl' is diskear beheind bleaun ta in pear passaazjes. De krêft fan 'Pauwehôf sit 'm behalve yn 'e
útsprutsen symbolistyske styl dêr't Van der Meer patint op liket te hawwen, yn 'e
komposysje. Yn heech tempo wikselje koarte haadstikjes inoar ôf en wurdt it perspektyf
hieltyd ferlein nei wer in oar figuer. Meidat elk him fragen stelt oer de mysterieuze
Bernt, kriget de roman sels in hast thrillerachtige sfear. In fraach dy't jo je as lêzer
stelle kinne, is oft de ôfrin no eins wol sa befredigjend is. Mei in fariaasje op in
rigel fan in ferneamd Frysk dichter soe ik sizze: safolle lok, jo leauwe der neat fan. De productieve Friese schrijfster schuwt gevoelige
onderwerpen niet en schreef opnieuw een juweeltje, na Lytse roman fan Jon Fels./.../Poëtische
taal, mooi opgebouwd, plot met wisselend perspectief, aan het einde blijft de lezer echter
met een losse draad zitten. /.../ De skriuwster folget hieltyd in romanpersoan,
karakterisearret syn of har persoanlikheid en ferhâldingen ta de minsken yn kompakte
sênes, dy't libbenswiisheid ferriede en har faak gearstalde sinnen hawwe in ritme, dat
jin meinimt. Hjir is immen oan it wurd dy't gjin tiid fergriemt oan wiidweidige
beskriuwingen, mar daliks ta de saak komt, al binne de teksten by earste lêzing miskien
wat kryptysk, omdat jo as lêzer noch net alles en elkenien thús bringe kinne. Mar by
twadde en tredde lêzing falle alle ûnderdielen fan it boek hieltyd better op har plak,
wurdt 'Pauwehôf allinne mar riker.
Pauwehôf |