

| It Poadiumbeest | Skriuwer | |
![]() roman Omslachtekst Yn It Poadiumbeest wurdt earst it ûntstean en deablieden fan in popgroep út Fryslân yn de jierren '60 en '70 beskreaun. De ûntdekkingstocht dy't soks is, wurdt tritich jier letter ferfolge troch ien fan de leden, op besite by syn soulmate yn it donkere diel fan Slowakije. Hy is op syk nei âlde freonskip, nije sinjouwing en - by it ferûngelokjen fan syn maat, solist en poadiumbeest - nei antwurden op it riedsel dat dêrnei tusken har yn stiet. Mar dat der earder ek al lei. Yn Rome mient er de goeie toan te finen, op trochreis nei it each fan de politike orkaan dy't yn maaie 2002 thús opstekt. Op 't lêst hat er himsels wer ûnderdak. Libje yn de sirkelgong fan tiid, dat is in reade tried yn dizze roman. Werklikheid en lot wurde bestriden en akseptearre. Mar wat as it needlottich beteard? Bouke van der Hem (1946) is jurist en mediator yn Grins. Debutearre yn 2002 mei de ferhaleroman Sloppe Opels (útj. Frysk en Frij). Oer syn debút waard skreaun: 'Graach mear fan dat prikeljende, yntelliginte omgean mei de taal en fan it foar fol oansjen fan de lêzer' (Tsjerk Veenstra yn it Friesch Dagblad). 'De skriuwer docht soks mei oarspronklike middels: út allerhanne perspektiven wei en mei tapassing fan gâns ferskaat oan stilistyske metoaden bringt er syn tematyk nei foaren. (...) It glês glimt hjir net allinnich, it hat ek skerpe rânen' (Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant). 'In lichtsinnige roman, in swiersettige roman, in trip op speed, in gedegen en trochlibbe analyze fan 'e tiidgeast, in boartlik stikje selskrityk, in taalkeunstich masterwurkje (...), dûnsjend synisme (Justus/Eric Hoekstra yn de Moanne). Resinsjes (fragminten) Hoewel qua leeftijd niet echt bij de jongeren horend,
schrijft jurist/mediator Bouke van der Hem (1946) ook in zijn tweede, kleine roman een
lekker modern Fries. Niet alles in het verhaal wordt uitgewerkt en sommigen zullen dat
misschien als een gemis zien, maar het boek zit wel degelijk knap in elkaar. /.../ in spetterjende allegory dy't de politike
tiidgeast fan de ôfrûne pak 'm beet fjirtich jier ferbyldet. Fan de opstannige jierren
sechstich oant de reaksje yn it begjin fan de nije ieu: Van der Hem sketst de Werdegang
fan in maatskippij oan de hân fan in relaasje tusken twa popmuzikanten út Snits. 'It Poadiumbeest' is skreaun yn itselde turbo-Frysk as
'Sloppe Opels', dat ik prachtich fyn. It is in super-konsintrearre taalgebrûk dêr't
reklamige slogans dûbele ladingen krije troch se op sitewaasjes fan de haadpersoan ta te
passen. Sa ferwiisde 'sloppe opel' net allinnich nei in auto dy't it krekt net hie, net
wie, mar ek nei de wifkjende haadpersoan dy't krekt net út de dop fan syn eigen idealen
of fantasyen oangeande himsels komt, in sekundêr figuer dy't wrakselt mei morele en oare
serebrale dilemma's. Knappe symbolyk dus! Dat bart ek yn it poadiumbist. /.../ Van dr Hem as traumaturch trochbrekt it taboe en
makket de politike kontekst besprekber. De rasjonele kontekt fan de haadpersoan is lykwols
iensidich: hy hat wol allegear moai sarkastyske opmerkingen oer links, mar net oer
rjochts. Dat falt my fan auteur en konfliktmediator Van der Hem ôf, al kin dy him altiten
achter syn haadpersoan ferskûlje - ien fan de moaie dingen fan literatuer! - of achter de
like iensidige hâlding fan de konservatyf linkse minsken. Dy lêsten sille grutte muoite
mei de twadde helte fan it boek ha. Van der Hem snijt yn 'It Poadiumbeest' allegear
nijsgjirrige ûnderwerpen oan. Bline bewûndering, freonskip, ferwidering, leafde en dea,
haat. Om dat út te wurkjen, is in heikarwei dat net oeral slagge is. Hie part ien fan it
boek better útwurke west, dan wie dizze roman in stik sterker. Want (it is eins net
nedich om it te sizzen) Van der Hem is stilistysk yndie better as mannich debutant, en hy
hat each foar in nijsjirriche problematyk. Mar dêr bliuwt it spitich genôch by.
Foarlopich? Of rinne de wrâldbylden fan Van der Hem en my gewoan te fier út inoar? By
twadde lêzing foel my dizze passaasje spesjaal op. De haadpersoan yn it ferhaal
leechte [27] seit tsjin syn kliemske freondintsje at sy de kearn fan syn
ferhaal net goed begrepen hat: Fierder? Der is gjin fierder. Myn forhael is ien
sûnder bigjin, sûnder ein, sûnder tried, sûnder morael en sûnder hwatdanekmar.
Har réaksje hie mines wêze kinnen: Nou ja, safolle kin it my ek net iens skele,
hear. Mar ik toch earst dat it om my gong, sjoch.
It Poadiumbeest |