

| Sân skeppen sâlt | Skriuwer | |
![]() fersebondel Resinsjes (fragminten) Op 7 july 2006 wie Jelle Zwart yn syn ienentachtiste en dat wie de dei dat er debutearre mei in mânsk boekwurk, foar in fersebondel dan, fan 128 siden. It wie moai waar, want ik wie op de motor. Ik krige fan dizze eminence grise dit boek mei in hân der yn. Soe’k der wol foar betelle ha? It wie tagelyk mei Nomade fan Margryt Poortstra dat Sân skeppen sâlt ferskynde fan ien fan de âldste dichters dy’t meidocht oan de kontest fan de Gysbert Japicx-Priis 2009 foar poëzy. Ik leau dat ik mar ris sjen moat wat der op side 81 stiet: TWASTRIID
Foar winkelrút op
’t nau Noarderherne
Boerinne kant,
soe der kreas mei wêze.
Hol klonk neitiid
syn stap fol wroegjen,
Dêr’t syn
sydsulver oare wille woe, Ek raar, ik ha by it lêzen fan dit gedicht daliks Gysbert Japicx yn ’t sin en dat komt fansels fan Wobbelke, mar ek wol troch de styl fan it gedicht. Ik draaf gau nei de boekekast om Myn hert dat trillet my, ek fan Utjouwerij Frysk en Frij (2003), te rieplachtsjen, mar gjin Jelle Zwart (* 6 septimber 1926 yn Ljouwert) achter Berend Ytsma yn it alfabet yn it ramt fan de 400ste bertedei fan Gysbert Japiks. Frjemd! Moat ik oannimme dat dizze dichter yn syn tachtichste begûn is mei publisearjen? ‘Dan is it wier in skat fan in man’, sei Ria Walinga fan De Vredesduif, dy’t samar stoarn is op har fyftichste. It fers liket wol yn ien of oare Fryske tradysje te fallen, sa eigen docht it oan. Foar de bondel giet op, dat minder mear is, sizze de kritisy en faaks slút ús Wob har dêr ek by oan. (jqs)
Is dit no
gewoan in beskriuwend gedicht oer in âld-nepert dy ’t net in sint misse kin,
ek al soe hy de frou in grut plezier dwaan mei in moaie nije skelk, of hat
Jelle Zwart in koade yn dit gedicht beside stoppe? ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009 /.../It giet om de boarnen fan it skriuwen.
Bewende oantrunen, sa't dy al ieuwenlang jilde foar mannichten dichters. Yn dy tradysje
bejout er him. En hy mei let wêze, hy docht it net foar in bytsje: hûndert fersen! /.../De dichter geeft impressies, o.a. van dorpen, stadjes, van
een reisje, momenten uit de natuur. Maar ook vanuit zijn innerlijk en van gebeurtenissen
die hem raakten. Hij drukt zich eenvoudig uit, vaak constaterend; rijm, metaforen komen
vrij zelden voor.
Sân skeppen sâlt |