

| SMS in fers | Skriuwer | |
![]() Gedichten foar de leeftyd fan 10-14.
Resinsjes (fragminten) In bondel gedichten foar de leeftyd 10-14, dy’t yn 2005 it ljocht seach by Frysk en Frij en dy’t in bytsje tusken de wâl en it skip falt, want ik sjoch him net stean op de lange list fan de Gysbert Japicx-Priis 2009 foar poëzy. It lytse net achtsje, dat leit my net en ik tink datst it mei my iens bist dat ik der hjir op dit plak even oandacht oan jou. It omslach is fan Peter de Boer en it boekje hat in bûsformaat. Soest ferwachtsje dat it om fersen giet mei 160 tekens/spaasjes, lykas yn nrc.next in tiid lang stien ha, sa begjint it hast al:
Ik SMS dy
hjoed in fers Mar nee, de bondel befettet klinkende gedichten mei de skoallejeugd as ûnderwerp, hâldt meast it perspektyf by in ik en hat in blier karakter. In twadde modern kommunikaasjemiddel komt oan bod op side 29: MSN
Ik fyn de
wrâld yn MSN,
Ik babbelje yn
MSN,
Ik libje troch
myn MSN,
Ik bin myn
eigen MSN,
Ik toets myn
langst yn MSN, Jelle Bangma (* 14 maart 1955 yn Smellebrêge) is in tûzenpoat, sizze de googlesites, in sportyf figuer en hy stiet midden yn ús tiid mei syn skriuwen. (jqs) Oer tûzenpoat Bangma skriuwt Jelle van der Meulen op syn moaie webside fol mei Fryske skriuwers: ‘Bangma maakt het (mei SMS in fers, edg) de jeugd niet moeilijk, de gedichten zijn bijna allemaal meer liedteksten dan poëzie, compleet met refreintjes als "Elkenien is toets-o-fyl / want de hiele wide wrâld is no mobyl", zoals het klinkt in 'Mobyl', het eerste gedicht van de bundel. De onderwerpen staan ook dicht bij de jeugd: het mobieltje, msn'en, leuke feestjes met breezers, erge feestjes (een zwembadfeestje!), een vakantie naar Vlieland waar 'hij' komt.’ Bin ‘k in âld sek as ik sis dat de gedichten my net folle sizze? Komt dat om ’t SMS, MSN en twitterje my neat sizze? Faaks al, mar ek om ’t de gedichten, hoe floeiend en muzikaal ek, my net echt in clou biede, in punt. It bliuwt by my net hingjen. Al hoe aardich ek dat Bangma omtinken jout oan dizze groep, ik wol leauwe dat “SMS in fers” net de ûnferwachte outsider is foar de GJP. (edg) ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009 /.../ Pubergefoelens spylje in rol, en humor fansels.
It type dat yn de ferskes spilet (meastentiids as 'ik') is dat fan de grutte bek en it
lytse hertsje: it sympatike type dus, maklik ynfielber. Der wurdt ynspile op aktuele
problemen (lykas sinleas geweld, ytproblemen, grafitti, depresje) mar it 'boadskip' leit
der net te tsjok op, om't it perspektyf trochstrings by in 'ik' leit. It tal gedichten oer
muzyk en oer leafdesfertriet oerhearsket. Yndy lêste kategory oppenearret him dat lytse
hertsje as 'it iensum hert' of 'it ûnrêstich hert'. Ik betwifelje oft sa'n oantsjutting
yn de 'belibbingswrâld' fan hjoeddeiske 10-14-jierrigen past. Dat is, tinkt my, ek in
bytsje it probleem fan dit boekje: gedichten foar binn' noch gjin gedichten fan. En ik
bedoel dan: sjoen as eigen. Alle yngrediënten sitte deryn, mar net altyd is de 'pointe'
like sterk. /.../ Dy snypsnaren nimme net wei dat Jelle Bangma faak de juste toan en sfear
te reitsjen wit.
SMS in fers |