

| De stêd, it bist, de ingel | Skriuwster | |
![]() balladeske Omslachtekst De ingel, nij yn t wurk, eagen wend oan silligens
en fisioenen; earen streake mei loftrompetten en swiete geheimen, moat omstean leare. Goed
en kwea is bysliep, iten. Is weachstik. Se sil har rêde mei har gouden hier en skerpe
pinnen. Resinsjes (fragminten) 'De stêd, it bist, de ingel', hat oerienkomsten mei de
âlde romantyske ballade, dy't as ik te seil gean op Anne Wadman syn skriuwen dêroer yn
'Fryske Fersleare' weromgiet op de folkslieten. De gearstalde strofebou en rymskema's
dêrfan binne by Van der Meer ferfongen troch in kollaazje fan fragminten. De poëtyske
ynhâld beslacht it tema fan de macht, it misbrûk dêrfan mei navenant alle
marsjandearjen mei regels dy't de minske as yndividu yn 'beset gebiet' hâlde, him ta
meirinder en figurant meitsje as er it net yn 'e kant set tsjin de ynstitusjonalisearre
Machten fan polityk, godtsjinst en media en alle dêrmei oprinnende foarmen fan moreel
ferfal. /.../ As taal in estetyske skepping is, en dat is it
oeuvre fan Aggie van der Meer, dan sis ik: Wat in poëzy, wat in skepping. Van der Meer har sinnen hawwe oer it algemien in
geve struktuer en se wurde op nochal taalgefoelige, muzikale wize oan elkoar rige. De
elemintêre boustiennen fan har wurk kinne dus sprekken lije, en it ûnthjit fan dizze
bondel skûlet nei myn idee benammen yn dat gegeven. Spitegernôch, lykwols, beswykt har
boek te faak ûnder swiere lêst fan de ynhâld: ûnder de allegoary, dy't oan 'e iene
kant te keunstmjittich is, de spontaniteit ûnder fuotten hellet, oan 'e oare kant te foar
de hân lizzend, te moralistysk. It liket my ta Aggie van der Meer hat it plan opfette om in
omfangryk poëetysk wurk te skriuwen. Dêrby hat se alles ynvestearre om ta har doel te
kommen, en alles ûnderdienich makke oan wat har by dy opset foar eagen stien hat. 'Balladeske', sa neamt de skriuwster har wurk. As namme
in noviteit yn 'e (Fryske) literatuer, as foarm lykwols faker tapast: in lang syklys
gedicht getten yn proaza-eftige fragminten. It wurk fan Van der Meer sit grôtfol mei
symbolyk, metafoaren en is dus de kryptise kant it neist. No net bepaald literatuer foar
ûnder de parasol of de parrebeam. De kop moat der goed bij, mar dan krijt de ynhâld de
lêzer ek bij de strôt, om it mar ris plastys te sizzen. /.../
De stêd, it bist, de ingel |