

| Suster | Skriuwer | |
![]() roman Omslachtekst Yn dizze roman fertelt in frou dy't wurke yn 'e psychiatry har libbensferhaal oan har oerbeppesizzer. Se hie in sterke bân mei in broer, lykas ek Willemyn van Gogh dy't se ferpleegde mei har broer Vincent hie. De beide susters wurde yn dizze roman tekene as susters yn 'e ferpleging, de iene op bêd, de oare oan 't bêd.Der giet in soad tiid mei hinne foar 't juffrou Van Gogh fan 't bêd en yn 'e klean is. Guon dagen wurdt it neat, dan litte wy har lizze en komme letter, as de oare froulju ûnder sitte te iten, apart foar har nei boppen. Ite docht se net út harsels. Foar elke hap draait se de holle fansiden. As it oan har lei soe se ferhongerje. Resinsjes (fragminten) Foar my binne de moaiste stikken fan it boek dyt geane oer hoet de hast hûndertjierrige Aukje Hoekstra yn it libben stiet. Op de ien of oare wize wurdt se delset as heart se der net echt mear by en besjocht se de dingen fan in ôfstân. Ik tink dat it ek sa wurket, ast sa âld bist./.../ Al dy tekoartkommings liede ôf fan wat it boek eins is: in soarchfâldich opboud ferhaal mei in ynteressante ynhâld, skreaun mei empatysk fermogen. Margryt Poortstra is foar Fryslân in wichtige en produktive auteur. Sy moat mear út har wurk helje wolle en it better redigearje en korrizjearje litte. Of besykje dat sels better yn e macht te krijen. Hjir, Meinou Piebenga, juny 2004 Lykas yn guon eardere romans fan Poortstra komt hjir de benaudens fan de kristlike eftergrûn mei de al dan net troch de haadpersoan sels opleine beheiningen dúdlik om e hoeke. Aukje fielt har skuldich dat se eins ferromme wie doet ferloofde Reinder stoar. Mar dat mei net fan harsels en as in soarte fan boetedoening nimt se har foar: "Ik sil yn Ermelo sa hurd wurkje as ik kin". /.../ Margryt Poortstra hat mei dizze roman in prachtich stikje wurk delset. Se lit hjirmei in literêre riping sjen dyt bewûndering fertsjinnet en benijd makket nei folgjend wurk. De Moanne, Jitske Kingma, maaie 2004 Poortstra hat mei Suster in moaie,
yntelliginte roman ôflevere. Se bringt de beide froulju knap ta libben, en se smelt de
twa libbensferhalen oan elkoar ta in hecht en subtyl kompositoarysk gehiel. Se jout har
boek feart troch episoaden oer Willemyn en oer Aukje mei elkoar ôf te wikseljen, mar ek
troch sprongen út it no wei nei earder tiid te meitsjen en troch bygelyks brieffragminten
yn te laskjen. De tematyske ferbining mei ús eigen tiid wurdt dan noch fuortsterke troch
it byld dat se de tusken de bedriuwen troch skets fan Marije, in jonge, hjoeddeiske frou,
dyt de kânsen krijt en pakt dyt har oerbeppe ûnthalden waarden. Deze keer is het Aukje Hoekstra die haar levensverhaal aan achterkleinkind Marije vertelt. Tijdens researchwerk voor het boek stuiten ze op de naam van Willemien van Gogh. Er is weinig bekend over deze zuster van de wereldberoemde schilder. /.../ We volgen beurtelings de (soms digitale) zoektocht van overgrootmoeder en achterkleinkind. /.../ Boeiende doch enigszins fragmentarishce historie met soms te weinig dialoog. Nederlandse Bibiotheek Dienst, M. Claus de Jong, 25 maart 2004 Undanks de krampachtige konstruksje dyt Poortstra
nedich hie om Wil tusken it omslach te krijen is Suster in ynnimmend en meinimmend boek.
Want wat is it moai skreaun en wat is it de muoite fan it lêzen wurdich. Absolut in
weardich ûnderdiel fan har oeuvre. Mei libbene froulju dyt útfine wat ambysje en
ûntwikkelingsmooglikheden je wol en net bringe. En dyt dêrachter komme wêrt
dan wol de geloksmomenten lizze en dyt de kânsen op leafde bytiden gripe en bytiden
slûpe litte.
Suster |