

| Ta in hichte, of de balke yn eigen each | Skriuwer | |
![]() monografy De skriuwer Anne Wadman (Langwar 1919-Snits 1997) hat in toanoanjaande rol yn 'e Fryske literatuer spile. Mei fine humor, skerpe kritiken, firtuoaze fersen, taboetrochbrekkende ferhalen en romans joech er kommentaar op de dynamyske ûntjouwing fan nei 1945. Troch maatskiplike fernijingen op alle mooglike terreinen, moasten wy de kollektive feilichheden fan it âlde doarp achter ús litte. Wadman makke syn lêzers dúdlik hoe't it foaroarlochske ideaal 'Fryslan en de wrâld' fan 'e Jongfriezen - in literêre beweging ûntstien yn 'e Earste Wrâldoarloch - feroare yn in foarm fan modern relativisme. It boere-Fryslân waard in part(sje) fan 'e moderne (stedske?) weareld, dy't faken ek wer in primitive rimboe bliek te wêzen. Oaren noch himsels sparjend, skoep Wadman in oeuvre mei in tematyk wêryn't de striid tusken goed en kwea him fan 'e algemiene slachfjilden ferpleatste nei inerlik fan it :an it yndividu, dêr't it minsklik tekoart helaas...no ja Ynteressearre lezers kinne net maklik frijbliuwend om dit engaazjemint hinne. Dêrom dizze monografy oer in Frysk skriuwer en syn wurk, dy't syn literêr-histoaryske wearde dúdlik bewiisd hat en net samar fergetten wurde mei. Resinsje (fragminten) Fansels is it spannend
om op it sloppe koard tusken fiksje en ‘fact’ om te dûnsjen, fral as beide
wrâlden de oanstriid ha yn elkoar oer te gean. Mar ik bin bang dat om
fierder te kommen noch folle mear ‘fact’ fûn wurde moat. Is dat trouwens net
folle earder wurk foar de biograaf, dy’t dêr op ’t stuit hurd mei dwaande
is? Steven de Jong heakket achteryn it boek noch in tal brieven en stikken
ta om yn dat minsklik tekoart te foarsjen, mar ik hie leaver op dat plak in
moaie bibliografy hân fan op syn minst alle boeken dêr’t er oan referearre
hat. Fan Wadman binne amper mear romans te besetten, dy pear fan my komme út
it antikwariaat. Ik pleitsje derfoar om it skeppend en ferheljend proaza fan
Anne Wadman yn in moaie searje op ’e nij út te jaan. Met deze monografie geeft dichter/romancier Steven de Jong (1935) een duidelijk beeld van het literaire werk van een van de belangrijkste Friese schrijvers van de 20e eeuw, Anne Wadman (1919-1997). Na een korte biografische schets komt eerst het kritische werk van Wadman ter sprake. Uit de honderden recensies van Nederlandse en Friese boeken kiest De Jong een aantal, waarmee hij er probeert achter te komen wat voor ‘de realist’ Wadman het ideale boek is. Ook becommentarieert hij Wadmans kritiek op zijn eigen werk. In het derde hoofdstuk staat de poëzie centraal. Wadman debuteerde als dichter in 1945, stelde een tweetalige bloemlezing van Friese dichters samen (1949) en schreef diverse poëziekritieken. Na hoofdstukken over Wadman en het literaire tijdschrift De Tsjerne, over het existentialisme, de oorlog en het korte verhaal geeft De Jong zijn oordeel over het belangrijkste deel van Wadmans werk, de veertien romans. In een eindoordeel, waarmee hij overigens uitdrukkelijk niet het laatste woord over hem wil zeggen, zet De Jong Wadman naast verwante schrijvers als Vestdijk, Reve en Hermans. Nederlandse Bibliotheek Dienst/Biblion, Jelle van der Meulen, 21 januari 2008 /…/It boek bestiet –
útsein fan wat men teoretyske stikken neame kinne soe – foaral út besprekken
fan de poëzij, ferhalen, kritiken en romans fan Wadman. Net alle besprekken
binne like lang en fierder is net alles besprutsen. Wadman syn Nederlânse
romans wurde bygelyks net neamd en der misse ek Fryske romans. Yn sa’n
lêsferslach wiist De Jong yndie ynfloed oan, hjir ris fan ’e Jongfriezen fan
1915, dêr ris fan it eksistinsjalisme en wer in oare kear neamt er it
antyboargerlike fan Ter Braak en Du Perron. Al nei’t it útkomt. Spitigernôch
sit der gjin grutte lijn yn dizze searje besprekken. Dat komt omdat De Jong
gauris ôfdwaalt en mei syn eigen oardiel komt/…/
Ta in hichte, of de balke yn eigen each |