novelleOmslachtekst
Dizze koarte novelle - in bewurking fan 'e kursyfkes dy't
fan juny 1996 oant july 1997 yn it blêd Frysk en Frij ferskynden - is in yntrigearjend
ferhaal oer freonskip yn útienrinnende foarmen. It is lichte kost; flot en tagelyk tige
yngripend.
De humor fan Martha, de haadpersoan, is wer subtyl; lykas dat ek it gefal is yn 'e bekende
ferhalebondels Thús is de maggi op, In superman fersûpt net,
Hynstefigen en Giel mei oranje stippen.
Bysûnder oan dit lange ferhaal is dat de ûnderskate haadstikjes ek as koarte kursyfkes
stik foar stik op harsels lêzen wurde kinne. Mar, as je der ienkear oan begûn binne,
witte je fan gjin ophâlden en lêze je Tine en ik yn ien sike út.
Tine en ik
novelle
1997
ISBN 90-73554-25-X
40 siden
EUR 6,81 |