

| Trappearre - ûnderweis mei Claude Monet | Skriuwer | |
![]() Resinsjes (fragminten) It is in moai boek mei gedichten dy’t foar in lyts part ynspirearre binne troch skilderijen fan Claude Monet. Se binne goed te folgjen; Anneke Posthuma (* 1940 yn Den Haach) lit ús sjen. Utjouwerij Frysk en Frij hat yn 2005 syn bêst tige dien om in geef debút de wrâld yn te stjoeren. Printer Wilco fan Amersfoort leveret kwaliteit. It titelgedicht heart by it plaatsje fan it omslach. Famke mei paraplu wurdt trappearre op sjans miskien: TRAPPEARRE
Op in hichte,
mar net iensum of allinne
Myn roppen
skuort de dwilige sfear oan flarden,
Wat is it dat
beskerme wurdt tsjin ’t kleare ljocht (s. 47) Babs Gezelle Meerburg wiisde noch twa gedichten eksplisyt oan as juwieltsjes: Moer en En koe ik alle geheimen en alle wittenskip... basearre op respektivelik Genesis en Iepenbiering. Trappearre stiet ek op de lange list. Wobbelke wurdt mar ûnthelle mei pronkjes. (jqs) ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009 Negen van de in totaal 49 Friese gedichten zijn
geïnspireerd door schilderijen van Claude Monet. Deze zijn sfeervol en gevoelig geschetst
waarbij er een wisselwerking tussen beeld en taal ontstaat. De 40 andere gaan over de
natuur of zijn persoonlijke impressies. Dichterlijke vaardigheid is onmiskenbaar: daardoor
ontstijgen de verzen het niveau van volkspoëzie en zijn ze niet altijd direct
toegankelijk. Yn de kreas útfierde bondel, mei mar leafst 50 fersen
steane in tal hiel nijsgjirrige. It wurk fan de ympressionistise skilder Claude Monet
(1840/1926) is ien fan Gerbrandy's ynspiraasjeboarnen. De fersen fan Anneke Gerbrandy binne 'ierdsk' en
dêrtroch tagonklik foar elk. Se geane gauris oer de lytse freugden fan it libben: in moai
berntsje, in fûgeltsje yn de tún en in boatsje yn de stream. It binne ûnderwerpen fan
de fjouwerkante sintimeter, sa't in oare Fryske dichteresse wolris ferwiten is. /.../ Aardich yn dizze poëzy is benammen dat de
dichteresse it froulik perspektyf kiest. Dat dat fierder giet as itensieden en túnkjen
bewiist it fers 'Moer', dat ynspirearre is op 'Enoema' Elisj', it Babyloanyske epyske
gedicht dat de skepping fan de wrâld beskriuwt.
Trappearre - ûnderweis mei Claude Monet |