

| Tusken Fryske dream en Nederlānske macht, fjirtich jier Fryske Nasjonale Partij | Skriuwer Kerst Huisman |
|
|
It boek giet oer de minsken yn de FNP, en oer de stānpunten fan dizze Fryske partij en de tinkbylden dy't dźr libje en ta utering kommen binne oer wurkgelegenheid, finansjele ferhāldingen, miljeu en lānskip, lānbou en natuer, asylsikers, de ferhālding doarp-stźd, rekreaasje, ferkear en ferfier, fraachstikken fan oarloch en frede, kultuer en taalbelied. Boppedat is der omtinken foar de foarskiednis, dy't al yn de njoggentjinde ieu begjint. Der is ek in haadstik oer programma's en ideology fan de FNP, dźr't saken as federalisme en nasjonalisme op it aljemint komme. De foto's en oare yllustraasjes jouwe in aardich byld fan fjirtich jier partijskiednis. De tekst is kritysk hifke troch de āldheechlearaar (en āld-foarsitter fan de FNP) Tony Feitsma. Resinsjes (fragminten) Het boek is helder geschreven, geeft goede informatie, waarmee ook een aantal hardnekkige vooroordelen t.a.v. de FNP worden bestreden. Nuttig voor politici, journalisten en alle andere geļnteresseerden in regionale minderheden.Nederlandse Bibliotheek Dienst, L.G. Jansma, 19 juni 2003 Kerst Huisman (1940), Āld-sjoernalist en histoarikus, komt de eare ta dat hij it earste boek yn Nederlān oer in regionale politike partij skreaun hat. /.../ Huisman hat sūndermis in noflike styl fan skriuwen, it boek lźst flotwei sūnder oerflakkich te wźzen. Hjir en dźr hat Huisman wat te min ōfstān nommen, is er net de ōfhinklike sjoernalist/histoarikus. /.../ It is detailkrityk, want Huisman hat de skiednis fan de lokale partij oars kreas op in rychje setten. /.../ Oan alles is te merkbiten dat Huisman wiidweidich boarneūndersyk dien hat. /.../ In tige kleurryk boek. Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 24 maart 2003 Sa riist it byld op fan in iepen partij, dy't har sawol
yntern as nei būten, en ek yn har ynternasjonale kontakten tige wart. Huisman sels wart
him tusken de rigels ek tige: wa't lekskoaide of wat skreaun hat dat der yn syn eagen fier
by troch is, wurdt it leksum lźzen. Tusken Fryske dream en Nederlānske macht |