

| Untdekking fan 'e wrâld | Skriuwer | |
![]() ferhaleroman Omslachtekst Der wie in soad dat net wier wie. It wie net sa dat postdowen altyd daliks wisten wêrt it postkantoar wie en ek gyng "zelfrijzend bakmeel" net sels op reis. ii. de wrâld hat mear as ien gesicht iii. de wrâld in boek mei slanters. Resinsjes (fragminten) Mei 'Untdekking fan 'e wrâld' hat Aggie van der Meer! al wer in geniale roman skreaun! In filosofyske roman. En dat skreaun troch immen dy't ik yn libbensbeskôglike sin as de Fijân oantsjutte moat. Och Fijân, dat is wat teologen en humanisten 'the significant other' neame, de petearpartner yn jins holle dêr't je mei diskusjearje (of net...). Fijân want produkt fan it platoanysk kristlik-sosjalistysk idealisme dat it minsdom al mear as twa milennia yn 'e besnijing hat en dat sawol de grutte diktators as dejingen dy't har fersetten produsearre hat. En dat dy fijân sa'n moaie styl hawwe moat dat ik wol gûle kin. Ik kin der net oer út. /.../ Aggie van der Meer hat in unike, hiel konsintrearre, poëtyske en lapidêre styl dy't sawol har poëzy as har proaza trochkringt. Yn it boek is it taalgebrûk sa konsintrearre, sa ryk, sa aforistysk, dat gewoane romans dêrnei net mear smeitsje: gjin wetter yn de wyn, graach. As men mear fan har lêzen hat, kringt men ek fierder yn har fassinearjende tink- en ûnderfingswrâld troch. 'Lytse roman fan Jon Fels' hie ûnder oaren pedofily as tema. Yn dit boek sit Aggie van der Meer harsels tichter op 'e hûd, mei't dit in eksplisyt autobiografysk-filosofysk boek is. /.../ Se makket har eigen wrâld troch har eigen
metafoaren en symboalen te kreëarjen, soms is it foar de lêzer net hielendal nei te
kommen, mar dat steurt net, behalve as je it útsykje wolle (Wa kin it yndividu hielendal
folgje op syn paden?) /.../ Wat komt yn dizze roman net foar? Van der Meer
grypt dúdlik werom op de kristlike tradysje. Neat gjin Griken, gjin Renaissance.
Opfallend ôfwêzich is fie de freonskip. Fansels, de freon is yn de kristlik tradysje net
wichtich, folle minder wichtich as de relaasje fan it yndividu mei syn gewisse (God), en
mei de dingen dy't er dwaan moat.
Suver beskamme swij ik stil foar sokke moaie sinnen. 'Untdekking fan 'e wrâld' wurdt wat dizenich in ferhaleroman neamd. Wat is in ferhaleroman? De haadstikken foarmje gjin ferhalen op harren sels. Miskien hawwe skriuwster en útjouwer foar de beneaming keazen omdat men yn dit wurk net sa gau in trochgeande ferhaallijn fine kin. Mar mear foar de hân leit dat de skriuwster hielendal gjin roman skriuwe wollen hat, mar in autobiografyske en impresjonistyske komposysje delsette woe, sûnder bûn te wêzen oan wetten fan hokker sjenre dan ek. Dizze skriuwster lavearret faker tusken de fêstleine sjenres troch, tink oan har ultra-koarte ferhalen, dy't ek wol proazagedichten neamd wurde. Yn alle gefallen krijt se de lêste jierren in hiel eigen plak yn de Fryske literatuer en meie we bliid mei har wêze. /.../ Aggie van der Meer skriuwt helder, to the point,
gjin wurd te folle. Dochs krijt men in goed tiidsbyld foar jin troch dizze lakonike
opsommingen fan gebeurtenissen. Autobiografische ontwikkelingsverhalen, waarbij
gedachten, observaties en dialogen samen het leven van de auteur reconstrueren. Jo soene de 'Untdekking fan 'e wrâld' in
ûntjouwingsroman neame kinne, in ûntjouwingsroman yn ferhalen dan, want it boek is
fragmintsgewiis opboud, yn stikken dy't net perfoarst dalik op elkoar folgje, mar bytiden
ek tematysk fan elkoar skieden binne.
Untdekking fan de wrâld |