

| Wachtsje op it daagjen | Skriuwer | |
![]() dichtbondel Omslachtekst Parse oer Aggie van der Meer as dichter: Benammen yn har koarte fersen hat se har fermogen toand om in bysûndere byldtaal te skeppen. Leeuwarder Courant Byldspraak op alderhanne nivos: de regels binne as waaks, granyt en messen. Friesch Dagblad Resinsjes (fragminten) Het is wat ouderwets, de regelmatig voorkomende
parallellie van de strofen: 'It kreunt.../It jammeret.../It spoeket...' over een huis; of
over de kerk, de steenrots van Petrus: 'Se ferneart.../Se lit.../Se dielt...'; of over
zichzelf: 'Ik bin gjin tún.../Ik bin in stêd op 'e klaai.../Ik bin in stêd op 'e
terp.../Ik bin in stêd...' /.../ Moeten deze gedichten geschreven worden? Het is
niet aan ons, lezers, om dat te bepalen. De dichter is baas in eigen huis. Moet het
uitgegeven worden? Dat bepaalt de uitgever en hij heeft gelijk als hij het doet, want er
zijn naar ik verwacht genoeg lezers die op dit soort poëzie wachten, die zich daarbij
welbevinden. /.../ In eenvoudige taal wordt een scherp beeld gegeven
van deze allochtone vrouw, schrijnend met die 'nee' zeggende dochter, de winterse kou, de
verwachte reactie van haar man als ze voor zichzelf durft op te komen. Ja, de struktuer is hecht, allegear symboalen komme
werom, nei trije kear lêzen klonterje der wat betsjuttings gear yn de mealstream fan
ferwizings. Mar net genôch. Ja, wat minsken mar heal begripe, wolle se namste gauwer
ferearje. Mar ik hâld net fan heal wurk. Hoe geniaal ek, de saus wurdt my net
tsjokkernôch, de betsjutting is bytiden krekt wat te skimerich, tefolle mystifisearre. /.../ Ik ha mysels ek de fraach steld wat NET yn dizze
bondel te finen is. No, ôfsjoen fan de ferwizing nei Pato ûntbrekke de Griken en de
Romeinen. En miskien hinget dêr mei gear dat de humor en de irony dochs en ûntbrekke. It
is gjin beswier. Hjir en dêr mis ik de minske wol wat achter de wrâldomfiemjende
retoryk. Mar hawar, lit dat krekt de spesjaliteit fan Van der Meer wêze. Is in ferliking
mei Roland Holst misledigjend? Mar dan dochs net sa bedoeld. It is in prachtige bondel mei
komplekse retoaryske ferwizende poëzy. Ta myn ûntsetting sjoch ik dat fan Van der Meer
gjin wurk opnommen is yn de gesachhawwende 'Dream yn blauwe reinjas'! O histoarysk fersin!
Dan hiene de gearstallers fan in dichter as ... wol wat minder fersen opnimmen kinnen.
Hoewol't ik besocht ha om wat kryttyske kanttekeningen te pleatsen, bin ik nettsjinsteande
fan betinken dat 'Wachtsje op it daagjen' poëzy is fan ynternasjonale klasse! Evenals in voorgaand werk is de taal van de dichteres
hermetisch met een opeenstapeling aan beelden en namen die voorkennis veronderstellen.
Daardoor blijft de mogelijkheid tot herkenning en identificatie klein en het begrip
moeilijk. Er zijn vaak bijbelse en mythologische elementen in de grote thema's dood,
liefde en natuur. Opnieuw fraaie taal en lenige, creatieve woordvondsten. Guon nije gedichten fan Aggie van der Meer binne wat te
algemien/.../ek hjir jildt dat de fersen frij abstrakt binne en gauris hingjen bliuwe yn
skematyske wierheden en de beskriuwing fan uterlikheden. Op de earste bondel wie dat ek al
in punt fan krityk.
Wachtsjen op it daagjen |