

| De wite hoed | Skriuwer | |
![]() fersebondel De twadde fersebondel fan Jelle Zwart.
Resinsjes (fragminten) It heart botte spektakulêr: in dichter is trije jier lyn debutearre, hy fynt it tiid wurden foar in folgjende bondel. Nijsgjirriger wurdt sok nijs as dêr by sein wurdt, dat it debút út 2006 hûndert fersen telde, de nije bondel hûnderttritich (!) en dat de dichter twaëntachtich is. Yn twa útjeften publisearret Jelle Zwart likefolle poëzy as de trochsneed dichter yn fiif of seis. Nei alle gedachten brekt er dêr in rekord mei. /.../dizze nije samling/.../bestiet út seis skiften poëzy, meast frij fan foarm, faak ek sletten en dan mei rym en metrum, ferheljend (anekdoatysk faak) en tagonklik. Jelle Zwart hat it dichtsjen omraak foar de slach.
Dat eigene berikt Zwart ûnder oare troch it orizjineel tapassen fan personifikaasjes en it weilitten fan 'oerstallige' wurden:
en troch nijfoarmingen:
Al yn 'Sân skeppen
sâlt' (2006) liet er dy eigen stylaksinten sjen. Droege humor hat er ek,
bygelyks yn it ferslach fan in teaterfoarstelling: 'Healwei pisset de
pauze'. Dy eigenens soarget derfoar dat der fariaasje bliuwt yn de mannichte
fan gedichten, ek al werhellet er himsels wol binnen de ûnderwurpen dy't er
'besjongt': de natoer, de kultuer, de âlderdom, de leafde, de poëzy -
refleksjes op it libben yn it algemien en it eigen bysûnder. En dan kinne de
werkenberens en it partikuliere dochs ferfele./.../
De wite hoed |