

| Wynfearren by 't lemieren | Skriuwer | |
![]() fersen Omslachtekst Strânkuier In rjochte streek fan brol en wier Strak sil 't wer rôlje oan en oan De jutter nimt in hap en snap
Resinsjes (fragminten) Oardelhûndert gedichten ferskynden yn ien klap by útjouwery Frysk & Frij, doch mar rij! Nee, sunich is Goasse D. Brouwer net as it giet om ús dichters. It wie yn 2005 dat dizze mânske debútbondel útkaam. Op de digitale side fan de újouwer stiet moai op in rychje wat de krityk sein hat oer dit foarmfêste dichtwurk. Opfallend binne de opteine wurden fan Abe de Vries op Farsk 54: ’It is sa helder as glês dat Miedema al in dichter is, en boppedat in dichter dêr’t in oar in protte fan leare kin. Uteinlik is it de kearn fan syn poëzij dêr’t it om giet: de dea en de fjouwerrigel, de beswarring, it ritueel. In ieuwenâlde tradysje fan poëzij skriuwen, dy’t hjir in wjerklank kriget dêr’t men bytiden stil fan wurdt’. Op side 160 stiet: APOLLO
Wie ’k as jo,
Apollo, goade gelyk In nederich stânpunt fan de dichter fan dit moai fersoarge boek. It lêzen, lykwols, dêr kinst wol wat tiid foar nimme, bedoel ik mar. Andries Miedema (* 19 april 1937 yn Frjentsjer) jout ús kar út. Op side 109 tref ik in fers oan dat as ienige tige ôfwykt en dat bûten it stramyn fan de kwatrinen falt, mar wol wer 14 rigels telt. Is it in sonnet? UNWENNICH
De rûge rotsen
seagen del Bliksem, trije puntsjes mei in freechteken der achter, wat sil dat betsjutte? It is in hiele klim Parnas’ berch op! (jqs) Ien gedicht, no twa dan, út in bondel wei dy’t optilt fan de poëzy. 151 gedichten. Miedema is aardich wat kearen besprutsen. Yn alle besprekken komt nei foaren dat opfalt dat Miedema’s gedichten klassyk kwa foarm en technyk binne. Abe de Vries – Farsk: ‘Wa’t de fersen oereaget, sjocht dalik dat ek wat de foarm fan dizze poëzij oanbelanget de dichter folslein syn eigen paad rint. Yn dit tiidrek fan it frije fers, dat de klassike foarmen fier nei de achtergrûn treaun hat, jit er syn poëzij hast provosearjend yn jambyske en rymjende fjouwerrigels, iderkear ûnderbrocht yn trije of fjouwer strofen; sa út en troch ôfmakke as klassyk 4-4 3-3 sonnet’. Babs Gezelle Meerburg – LC: ‘It binne meastal foarmfêste fersen mei rym’. R.A. Wagenaar Duursma – NBD: ‘Opvallend is de traditionele vorm: rijmende strofen (vierregelig), zo nu en dan zelfs een sonnet.’ Ek Apollo is in klassyk opboud gedicht. Trije kwatrinen mei abab cdcd efef. Knap dien. Myn smaak? Nee, mar smaken ferskille. Abe de Vries: ‘Hast altyd is syn rym floeiend, natuerlik en fierhinne ûnopfallend’. Henk v/d Veer: ‘Ien fan de skaaimerken fan sneinsdichters is dat se omraak rymje kinne, en ek Miedema makket op dizze rigel gjin útsûndering’. Pier Boorsma: ‘(…) foar Miedema, dy't omraak rymje kin oer alle mooglike ûnderwerpen yn gedichten dy’t spitigernôch meast djipgong misse’. Yn alle besprekken dy’t ik lêzen haw, wurdt opmurken dat in bondel mei safolle gedichten tsjinne west hie mei in redakteur. Dus oft sa’n bondel in GJP yn ’e wacht sleept. Tink fan net. Mar wol in moaie bondel foar lêzers mei in ferlet fan in “medisyn” tsjin it frije fers. (edg) ensafh., Frysk literêr tydskrift, jiergong 1, nûmer 6, Jacobus Quiryn Smink/Edwin de Groot, oktober 2009 /.../ Wat de fersen oereaget, sjocht dalik dat ek
wat de foarm fan dizze poëzij oanbelanget de dichter folslein syn eigen paad rint. Yn dit
tiidrek fan it frije fers, dat de klassike foarmen fier nei de achtergrûn treaun hat, jit
er syn poëzij hast provosearjend yn jambyske en rymjende fjouwerrigels, iderkear
ûnderbrocht yn trije of fjouwer strofen; sa út en troch ôfmakke as klassyk 4-4 3-3
sonnet. /.../ Heden, wat in konservative bedoening! hear ik guon foarútstribjende
literatoaren al roppen. Mar al lêzendewei yn in mega-bondel dêrt jo noris
net yn in lyts oerke trochhinne binne kaam my it wurd ferademing yn
t sin. /.../ It binne meastal foarmfêste fersen mei rym. Se binne realistysk: tafrielen (!) út it gewoane deistich libben, oantinkens, tinzen oer de gong fan it libben. Meast opfallend oan Miedema syn debútbondel is de kreaze fersoarging fan de bondel en it grutte oantal gedichten. Yn de bondel steane mear as hûndertfyftich fersen! Wêr't it "Wynfang (sic) by 't lemieren" benammen oan ûntbrekt is in goede redakteur. Om't it om sa'n grut tal gedichten giet, hie der in redakteur wêze moatten, dy't oanstie op in dúdlike oardering. /.../ It fers "Yn ôfwachting slút ôf mei de sin: "...de kastlein is betelle, it hok opromme." Datselde gefoel bekrûpt jin by it lêzen fan "Wynfang (sic) by 't lemieren". Leeuwarder Courant, Babs Gezelle Meerburg, 17 febrewaris 2006 Debuutbundel van een al wat oudere auteur, die sinds
enkele jaren publiceert. Het is een forse bundel geworden: maar liefst 151 gedichten. Gjin twifel mooglik, der wurdt wat ôfdichte yn
Fryslân. De iene nei de oare dichtbondel ferskynt. Allinne by 'utjouwerij Frysk en Frij
al kamen koartlyn mar leafst trije dichtbondels út fan debutanten. Ien fan dy debutanten
is Andries Miedema, hy komt mei in tsjokke bondel mei mar leafst 152 (!) fersen. It is
suver in sammelbondel te neammen. APOLLO Wie 'k as jo, Apollo, goade gelyk Sneeker Nieuwsblad, Henk van der Veer, 22 augustus 2005 /.../ Ut de gedichten docht bliken, dat hy oer de hiele
wrâld fearn hat en dat bringt fansels de dichter Slauerhoff yn gedachten. Mar dy dichter
is in brêge te fier foar Miedema, dy't omraak rymje kin oer alle mooglike ûnderwerpen yn
gedichten dy't spitigernôch meast djipgong misse./.../
Wynfearren by 't lemieren |