boekenlogo.gif (1582 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Historys project - 1945, DE BEFRIJING Skriuwer

Sjirk Frānses van der Burg

 

 


Utjouwerij Frysk en Frij ynventarisearre it projekt ‘1945, DE BEFRIJING’, in mānske histoaryske dokumintaasje, oanlein troch Sjirk Frānses van der Burg. Dat materiaal is 7 novimber 2007 oerdroegen oan Tresoar, ornearre foar it argyf oer de Twadde Wrāldoarloch, sadat it tagonklik wurdt foar de ynteressearre ūndersiker/histoarikus.

It argyf omfiemet de dokumintaasje anneks beskriuwing – yn gāns fasetten – fan ’e besetting en befrijing 1944-1945 yn ’e gemeenten Opsterlān, It Hearrenfean en Ęngwirden (Anjewier), in part fan Haskerlān en dielen fan West- en Eaststellingwerf. En allyksa fan it noarden fan Fryslān, lykas plakken as Dokkum, Ferwert, Eastmahorn en ek de gemeenten Kollumerlān en Achtkarspelen oant yn Grinslān op.

It hawwen en hālden fan Dśtsers en Kanadezen en de Undergrūnse wurdt neipluze; ūnder oaren oan ’e hān fan tsientallen fraachpetearen mei omstanders/tsjūgen.

It korpus beslacht hūnderten siden tekst, mei dźr byfoege allyksafolle kaarten, dokuminten, foto’s, artikels, kranteknipsels ensfh.