boekenlogo.gif (1582 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Anne Wadman-middei

 


Gebou Tresoar
27 oktober 2007

Taspraak
fan Joke Corporaal

‘Nei myn dea kinne se wčr sjen’

Yn 1952 skreau Anne Wadman yn De Tsjerne:

‘Né, ik wol myn leginde net to liif. Dat lit ik, sa lang’t ik oan myn mémoires jit net ta bin, leaver oer oan dy goelju dy’t genôch forstân fan minsken hawwe om to witten dat men in gewoane Fryske jonge węze kin en dochs de litteratuer as stúdzjefak kieze en bisykje sa goed en kwea as dat giet jins forplichtingen op dat stik nei to kommen. Myn leginde (jo witte wol: “beul fan De Tsjerne”, “wikel űnder de mosken”, “folks-fijân nűmer Ien”, “moardner fan skriuwers”) kom ik net op. It leit my nammers wol sljocht. Nei myn dea kinne se wčr sjen – as ik dan alteast de muoite wurdich west haw. En oars mar net. –’

Achte oanwęzigen, achte Steven de Jong, bęste famylje Wadman, ik leau dat jo oanwęzichheid hjirre hjoed, fiifenfyftich jier nei dizze útspraak, wol oanjout dat Wadman de muoite wurdich west hat. It hie him fęst goed dien, mar mooglik ek wol wat fernuvere. Nammers, ek as wy hjir net west hiene, hie dat noch net perfoarst betsjutten dat Wadman net de muoite wurdich west hat. Nee, soks hie heechút mear sein oer ús hjoeddeiske literęre sitewaasje, as oer dy fan 1952. Mar om ús hjoeddeiske sitewaasje te begripen, kinne wy net om it ferline hinne. De Fryske literatuer hat fanôf de twade wrâldoarloch in pear grutte űntjouwingen trochmakke. Fan in literatuer yn ’e marzje fan de Nederlânske literatuer is it in lytse, hieltyd mear op himsels steande literatuer wurden.

Wadman hat dy űntjouwingen meimakke, en hy hat se, troch syn stribjen nei in Fryske literatuer dy’t bylkje koe neist de Nederlânske, mei mooglik makke. Dęrom leau ik dat űndersyk nei it libben en wurk fan Wadman tige wichtig is om wat te begripen fan de relaasje tusken Fryske en Nederlânske literatuer.
 

Foar’t ik koart wat fertelle sil oer myn űndersyk, woe ik graach earst Steven de Jong lokwinskje mei syn boek. Ik ha it fannewike al even ynsjen meien, en it sjocht der moai út. Yn de Angelsaksyske tradysje is it hiel gewoan dat der oer ien persoan tagelyk of koart nei inoar meardere stúdzjes ferskine. Yn Nederlân binne wy faak noch net sa fier. Dęrom bin ik bliid dat der no aanst twa stúdzjes oer Wadman węze sille. Ik wol hoopje dat se inoar oanfolje sille. Sa hat Steven de Jong syn byld fan Anne Wadman ôfmjitte kind oan syn wurk en – foar in lyts part – oan syn persoanlike oantinkens. Dat lęste kin ik net, mar gelokkich ha ik neist it ymponearjend grutte oeuvre fan Wadman wol de beskikking oer de hűnderten brieven fan en oan him dy’t foar it grutste part hjir yn Tresoar bewarre wurde, oer syn deiboeken en oer ferhalen fan ynformanten dy’t Wadman wol kend ha. No is it yn de 10 minuten dy’t ik krigen ha fansels net mooglik om in folslein byld fan myn űndersyk te jaan. Ynstee dęrfan woe ik wat fertelle oer in net-publisearre gedicht fan Wadman syn hân.

Wy geane dęrfoar even in hiel ein werom yn de tiid. Op 4 desimber 1945 reizge Wadman yn de tram fan Dokkum nei de Gerdyk. Dęr wenne er sűnt july 1945. Yn Dokkum hied er by syn útjower, Kamminga, west om oer de útjefte fan Op koart Front te praten. Tusken Feanwâlden en Drachten skeat Wadman in gedicht yn it sin foar Annie van Poelgeest, de faem fan syn stúdzjefreon Gerrit Borgers. Op in artystefeestje yn Amsterdam hie Wadman dronken in bytsje mei har frijd. Gerrit wist derfan, hy en Annie hiene in iepen relaasje. Wadman wie trouwens ek net echt fereale op Annie, mar hy wie wol slim űnder de yndruk fan har, en ek fan de relaasje tusken Gerrit en Annie. Dy hiene Wadman al earder frege in Hollânsk gedicht te skriuwen, en no wie dat dus slagge. Wadman stjoerde harren it gedicht de oare deis dalik ta, lei út dat it – nettsjinsteande de titel ‘gedicht voor haar’ - foar harren beiden wie en skreau der ta ferdúdliking by:

‘Ik heb het zwaar te verduren, hier in Friesland. Sta bekend als de afbreker bij uitstek van onze Friese idealen. Iemand beschuldigde mij van pathologische aandriften en een ander dat ik niets deed dan grinniken, spotten, critiseren enz. De gezeten burgers gaan mij haten, als ik zo doorga. Enfin, ik heb nu mijn eerste Hollandse gedicht gemaakt. Een doorslaand succes wordt het niet, maar ik vind het zelf toch wel leuk. Schrijf me spoedig wat je er van denkt en of je me toekomst geeft.’

Wadman hie yn 1945 al in soad kontakten yn Fryslân. Dat hoecht jin ek net te fernuverjen, hy wie sűnt de befrijjing fulltime sjoernalist en skreau himel en ierde byinoar. Syn stikken besoargen Wadman al gau de reputaesje fan synikus. Syn kritiken yn De Tsjerne soene dy namme allinnich mar befęstigje. Sa hie Wadman him deaskamme om de betinking fan de slach by Warns. Yn it blęd fan de jongerein, De Stiennen Man, skreau er yn novimber 1945 dat de betinking foar him lykstie oan ‘in bispotlike boarterij mei ús lytsens, in fynynlein harsenskraebjen fan filosofen en kultuerhistoarisi.’ Wadman moast neat ha fan in nasjonalisme dat him blynstoarre op in fier ferline.

Wylst men Wadman yn Fryslân ryklik negatyf fűn, socht Fokke Sierksma, haadredakteur fan it literęre tydskrift Podium dat fanút Ljouwert útjűn waard, krekt om dy reden syn freonskip. Koart foar’t Wadman syn earste Nederlânsktalige gedicht skreaun hie, hie Sierksma him al witte litten dat er yn it kommende nűmer fan Podium in essee fan Wadman opnimme woe. Krekt as Wadman en syn freon Borgers hie Sierksma by de mannen fan Forum, Menno ter Braak en Du Perron, yn de lear west, en hy bewűndere de net-mijen krityske Ter Braak-achtige toan yn Wadman syn wurk.

It spiet Wadman al dat men yn Fryslân net seach dat oan syn negativisme in posityf rantsje siet. Teloarsteld skreau er yn maart 1946 yn syn deiboek:

‘Myn optreden [yn Fryslân, jc] hjir liket my ta net langer sin to hawwen. Alleman kryt my út foar cinysk, negatyf, ôfbrekkend, rancuneus, nimmen dy’t der […]oan tinkt dat dizze manear fan wurdearing to negatyf is foar kommend fan s.n. positive minsken. “Leafde yn negatyf”, seit Fedde, - dy’t syn positive kant wol deeglik hat. It moŕt sa węze, hwant běn ik allinne mar in cynicus en negativist? It is itselde hwat ter Braak wearfoer. Hy is greater persoanlikheid as ik, like folle greater as Hollân greater is as Fryslân, ik bidoel de Hollânske kultuer as de Fryske. Nou is men lang om let sa fier, dat men, yn Hollân alteast, Ter Braak lyk en rjocht docht. Sil dat mei my ek sa gean, - as ik ienris út Fryslân lűdleas weiwurden bin?...’

Koart nei’t Wadman syn ‘gedicht voor haar’ skreau, stie er yn bestân him hielendal op de Nederlânske letterkunde te smiten. Syn ideeën pasten better tusken dy fan jonge Nederlânske skriuwers, dy’t yn elts gefal ék besochten nei de oarloch wat nijs op te bouwen. Fokke Sierksma woe syn ‘gedicht voor haar’ yn elts gefal sá wol opnimme yn Podium, en hy woe him ek graach yn de Podium-redaksje ha. Dat lęste slagge, it earste net. Wadman hie ‘gedicht voor haar’ foar in oar literęr blęd, Criterium, ornearre. Dęryn is it nea ferskynd. Doe’t De Tsjerne yn april 1946 kopij te min hie, hat Wadman syn gedicht oerset en publisearre as ‘gedicht foar har allinne’. Borgers joech er de opdracht ‘gedicht voor haar’ en noch in pear oare fersen by Criterium wei te heljen.

Achte oanwęzigen, ik slút ôf. Ienenfjirtich jier letter – spitich genôch dus net fjirtich jier - waard ‘gedicht voor haar’ yn De Ljouwerter Krante printe as in nea publiseard gedicht. Marten Brouwer, dy’t yn ’e oarloch as jonge sutele mei Podium, hie it tusken syn spullen fűn. It idee dát it nea earder publiseard wie, wat dus foar de helte wier wie, lei doe foar de hân. Yn de fjirtich jier dy’t yntusken om wiene, is Wadman – troch de űntwikkelingen yn de Fryske literatuer – yn twa parten opdield: in Fryske en in Nederlânske helte. It is spitich, want syn wurk waard net allinnich skreaun yn in twatalige kontekst, it kin ek allinnich yn dy kontekst goed begrepen wurde. It hat Wadman sels ek spiten. Hy woe de Fryske literatuer emansipearje, mar it wie nea syn bedoeling Fryske fan Nederlânske literatuer te isolearjen.

Gelokkich hat Wadman ús in frijbrief jűn syn leginde te liif te gean, net om him te űntmaskerjen as ‘midsmjittich’, ‘goed’ of ‘min’ skriuwer, mar om’t achter syn wurk in mins ferskűl giet, dy’t de muoite wurdich west hat. Of, sa’t er it sels sei: ‘Nei myn dea kinne se wčr sjen.’