boekenlogo.gif (1582 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Anne Wadman-middei

 


Gebou Tresoar
27 oktober 2007

Taspraak
fan Steven H.P. de Jong

Ta in hichte of
De balke yn eigen each
Wat betsjut dat?

Ta in hichte is in wurdgroep dy't Anne Wadman faken brûkte. Tige relativearjend: 'Dy man is ta in hichte sa en sa, ta in hichte hat er gelyk, ta in hichte bin ik it der wol mei iens.' Wadman wie de lêste om oer syn eigen wurk op te snijen. No moat men it eigen oardiel fan in skriuwer oer syn eigen wurk net al te serieus nimme. Ta in hichte wol fansels, mar hy sjocht der hiel oars tsjinoan as in lêzer. Dêrby komt dat Wadman, as er it oer himsels hat, hiel negatyf út 'e hoeke komme kin. Tige Frysk fansels. Men kin soms suver sprekke fan selshate: bgl. op side 81 en 82 fan syn autobiografyske boek 'Mei Abraham fûstkje: '"Mar elke kear as ik my dizze dagen (...) ferdjipje yn papieren, dossiers en knipsels komt der in fielen fan jammer en ellinde oer my, in soarte fan sartriaenske nausée (walging), mar it is net sentiminteel, net grappich net fertederjend, it is allinne mar tryst, jassus wat in rotsfear, wat in rotmentaliteit, wat in rotstik, wat in rotwaar, wat in rottiid. Wat in rotfint. Even sykhelje freonen."

  Dat falt te mear op omdat er op side 81 dêrfoar in hiele rige positive kanten fan syn bestean opsommet: in goed gesin, mear as midsmjittige belangstelling fan literatoaren, media en dat sawol yn Fryslân as lanlik, koartom in ridlik hege maatskiplike status.'

  En sa komme wy by de ûndertitel 'De balke yn eigen each'. Ik wyt net hoe bibelfêst hjir elkenien is, mar it liket my wol nuttich om by dizze titel even Lukas 6 fers 41 en 42 oan te heljen, wêr't Kristus seit: "Wêrom sjogge jo nei de splinter yn oarmans each en fernimme jo de balke net, dy't yn jo eigen each sit. Hoe kinne jo dochs tsjin in oar sizze: Freon, lit my by dy de splinter ris út it each helje, as jo de balke yn jo eigen each net fernimme? Komeedzjespylder, helje earst de balke út jo eigen each wei. Dan pas kinne jo de splinter yn oarmans each sitten sjen en dy derút helje."

  Wadman wie tige kritysk op oaren, mar benammen dus op himsels. Dy balke yn eigen each is in haadtema yn syn wurk. Dêrom dizze monografy, dy't dêr gâns foarbylden fan jout en wêryn't ik dit motyf ta in hichte sa helder mooglik besykje ûnder wurden te bringen. Om in priuwke te

jaan sil ik it begjin fan 'e ynlieding fan dit boek foarlêze:

"Wadman persoanlik haw ik amper kontakt mei hân. Doe't ik sei, dat ik nei it einigjen fan myn skoalkarriêre in wiidweidige stúzje oer him meitsje woe, sei er: 'Moatst net dwaan, is de muoite net wurdich.' Wy litte dizze typearjende Wadmanbeskiedenheid mar even gewurde (al komme wy der sûnder mis op werom), want nettsjinsteande de krityk en benammen de selskrityk wie Anne Wadman in skriuwer fan formaat yn 'e Fryske letterkunde-arena (dy't er sels tige problematysk achte) en leau ik yn 'e plicht in stúdzje oan him te wijen. Ien stúzje is grif te min, ûnderskate soe better wêze. Oft dit ûndersyk in biografy neamd wurde kin, doar ik net úthâlde. Miskien ta in hichte. In definitive biografy wurdt it yn gjin gefal. Dêr leau ik net yn, want dat soe krekt oare needsaaklike stúdzjes oerstallich meitsje. In folmakke boek soe Wadman degradearje ta in ridlik goede midsmjittige skriuwer, dêr't dan echt it lêste wurd oer sein is en sa soe er op 'e monumintesouder bedarje, dêr't gjin kop mear nei him omsjen sil yn alle ivichheden.

  It literêr bedriuw is wat oars. It is in konstant sykjen fan 'e geast nei wierheid, in konstante striid fan mieningen, in ivich feroarjen fan fisys en moades, dêr't sawol de positive as de negative kanten en dan benammen de negative (want dêr kin men it measte fan leare) yn sintraal steane.

  It wurk fan Wadman past yn dy tradysje en wy kinne der in soad oan ha. It soe alteast skande wêze, as it wurk fan dizze man, ta museumtaal bestjurre, op 'e rommelsouder fan 'e (Fryske

kultuer telâne kaam. It gefaar dêrta is net tinkbyldich, no't merkmechanisme, besunigingen, kultuerbonzen mei beheinde fisy, subsydzjes ensfh. fan ús literatuer in soarte fan popmuzyk meitsje. In boek is even yn 'e moade, want it wurdt goed ferkocht (in Frysk boek fansels noait sa goed as in Nederlânsk boek) en dan wurdt it foargoed fergetten. Ik ha grut respekt foar de Sutelaksje, mar mei it hieltyd wer as in wedstriid publisearjen fan 'e toptsien, skeppe se wol in folslein steryl byld fan wat literatuer wêze moat. Literatuer as popmuzyk achtsje ik de ûndergong fan 'e echte literatuer. Dêr moat ris oer neitocht wurde. Wittenskiplike boeken binne ek net ôfhinklik fan ferkeapsifers, oars hie de wittenskip al lang nei gychem west. Mei keunst en literatuer is dat net oars. Elke oerheid wyt dat... mar it Fryske belied soms, ik wyt net.

  Literatuer, sawol fiksje, essay as polemyk, is in kulturele wrakseling: aksje ropt reaksje op, oarsaak gefolch. Literatuer ûntjout him dynamysk en bout dêrby op foargongers (grut en lyts) sawol yn Fryslân, Hollân as wêr ek op 'e wrâld. In literatuerskôging easket stúdzje, ek fan 'e foargongers yn Fryslân.'

  Sa begjint dizze monografy. Wat negatyf foar it merkmechanisme oer. It is fansels wol sa dat Fryske boeken, hokfoar soarte ek, hoe dan ek safolle mooglik ferkocht wurde moatte. Hoe mear de Friezen lêze kinne en wolle, hoe better, ek foar de literatuer, mar lit dêrby net de Fryske literatuer troch gebrek oan belangstelling of jild yn 'e ferdrukking komme. De Ljouwerter Krante docht syn bêst en 'It Fryske Boek' mei de sutelaksje ek. Mar oare útjouwers, bgl. de KU, Venus, Fryske en Frij en grif ek oare, ha dêr gjin jild foar. Gefolch; prachtprodukten ferdwine nei de opslach, de ramsj, De Slegte, de souder of in oar jiskefet.

  Nettsjinsteande Wadman syn negativisme foar himsels oer, bgl. it totaal fersmiten fan syn eigen flymskerpe en soms prachtige poëzij, achtsje ik him in grut skriuwer. Wadman syn beskiedenheid waard ek feroarsake troch it feit dat er de Fryske provinsjale literatuer fan it boeredoarp op it wrâldpoadium sette. Der moast yn kwaliteit gjin ûnderskie wêze tusken literatuer en Fryske literatuer. Ja, en dan... dan ferskine de grutte goaden oan 'e kimen: Shakespeare, Joyce, Proust, Flaubert, Dostojewski, Tolstoj, Hugo Claus, Hermans ensfh. Dêr koe Wadman dochs noait tsjinop? Dochs bliuwt Wadman foar my, ta in hichte, ien fan 'e hiele grutten. Hy hie alteast ien fermogen dat dy oaren net hienen: hy koe Frysk skriuwe. Dat moat men net ûnderskatte.

  In taal is in ynstrumint. De wrâldliteratuer is in grut orkest. As men dêr allegear ynstruminten úthellet, omt dy net mear troch genôch minsken bespile wurde kinne, dan wurdt it wol in ientoanige boel. It docht my tinken oan in útspraak fan 'e advokaat en skriuwer Abel Herzberg yn it proses Fedde Schurer. As de minsken gjin eigen taal mear brûke kinne of har deryn útlibje meie, dan ha se mekoar ek neat mear te sizzen.

  It foardiel fan in gruttere taal as it Frysk is fansels in grutter berik, in gruttere ferkeap. Mar lit dat net alles wêze, want by alle jild dat dat opleveret of besparret, betsjut dat oars neat as earmoed, moderne earmoed, krekt as by de technologysk egaalgriene greiden, dêr't alle kowe-, hynste-, skieppe-, bûter-, pinkster- en kikkertsblommen ensfh. mei al har kleuren út ferdwûn binne. Effisjint ja, mar moai is oars.

  Der ferskynt, is de bedoeling, in biografy oer Anne Wadman by de Fryske Akademy. Ik bin der tige benijd nei en ha der alle fertrouwen yn dat Joke Corporaal dêr in treflik boek fan makket. Ien ding sit my wat dwers. Foar safier't ik it begrepen ha, ferskynt it yn it Nederlânsk. Men moat ien syn of har kar foar de lânstaal by sa'n stik wurk fansels altyd respektearje, alle faktoaren kin men net oersjen, mar wat dêr yn dit gefal de reden fan is, is my net dúdlik. De taalsitewaasje, it jild, de polityk...? As it effisjint moat, soe men tinke, doch it dan yn it Ingelsk. Dy't ynteressearre is yn sa'n dreech boek, kin wol Ingelsk lêze en de yn Wadman ynteressearre Hollânsktalige kin wol Frysk lêze. Foar Hollânsktaligen ha wy hjir ek al in Wyn en Wolkenboek yn it ABN, dêr't ik ek net hielendal tefreden oer wie. Wy moatte it Frysk as wittenskiplike en skôgjende taal net ôfskaffe. Men soe hoopje dat der in soarte fan Klaas Brúnsma opstiet om it oer te setten yn 'e taal dêr't it thúsheart.

  (Wat de Fryske Akademy oanbelanget, dy docht treflik wurk op alle mooglike terreinen, alle respekt. Foar de Fryske literatuer is it bygelyks moai dat der sa'n protte oandacht foar Anne Wadman is. Dochs soe ik wol wat mear aktiviteiten fernimme wolle op it mêd fan 'e moderne Fryske literatuer fan 1900 oant no, artikels, boeken, inisjativen, stúdzjes. Want dy literatuer fan 'e 20e ieu wie ien fan 'e haadpylders, dêr't dy Fryske Akademy op ûntstean koe. Skriuwers wiene faken lju, dy't even fierder seagen as de folkloare fan it âlde Fryske boeredoarp. Wat docht it Literêr Histoarysk Wurkferbân op 't heden, dat sa'n protte learsume literêre jûnen organisearre?

Ik bin wol in bytsje kjel woarn fan in pear pommeranten. Yn 't foarste plak fan Goffe Jensma. Dy konstatearret yn 'de Moanne' fan septimber langlêsten in marzjinalisearring fan 'e Fryske literatuer. Yn it kulturele gehiel wurdt it Frysk hieltyd minder brûkt en hieltyd minder wichtich. Dat is fansels in wierheid as in ko. Mar in wierheid as in ko wie dat ek al yn 'e tiid fan Gysbert Japiks, de Halbertsma's en Waling Dykstra. In goed hûndert jier lyn skreau dy lêste:

   Jimmer moat ik smeulend hearre
   Fryslâns sprake giet ferlern,
   Sil oan ferfal fan krêften stjerre.

Dat wie yn 'e tiid dat de hiele Fryske literatuer fan 'e 20e ieu mei skriuwers/dichters as Postma, Hof, Rixt, Brolsma; Jongfriezen as Kalma en Folkertsma, wittenskippers as Wumkes en Sipma noch begjinne moast. It wie ek yn 'e tiid dat der folle minder minsken yn Fryslân wennen en der folle minder boeken útkamen en de minsken ek folle minder Frysk ûnder egen krigen en der noait les yn krigen. As no, yn 2007, de kommisje fan advys foar de Gysbert Japicx Priis sa'n hûndert nije proazaboeken fan 'e lêste trije jier trochwrotte moat, is dat in gigantysk oantal. In pear generaas­jes earder hie men soks net leauwe wollen. Reële getallen binne hiel wat oars as persintuele en statistyske.

  De oare pommerant, Steven Sterk, skynt neffens de krante sein te hawwen: "As de minsken boeken net lêze wolle, dan lêze se dy boeken net." Ek dat is sa wier as it mar kin. Ik lês ek gjin boeken dy't ik net lêze wol. It probleem is lykwols: as der Fryske boeken binne, dy't de minsken graach lêze wolle, mar se wite net dat dy besteane, dan lêze se dy ek net. It koe wolris sa wêze, dat it reële potinsjeel fan Fryske lêzers folle grutter is as de statistyske en persintuele berekkenin­gen ús fia de media wiis meitsje wolle. As dat sa is, freget dat om ûndersyk en net om jeremia­des. Problemen binne der om oplost te wurden. Der binne genôch minsken dy't Frysk lêze wolle en kinne, folle mear as yn 'e tiid fan 'Lit ús tinke oan âlde tiden'. In hiele ynfrastuktuer fan Fryske Akademy, Afûk, útjouwers, oant en mei ferplicht Frysk ûnderwiis mei kommunikaasje- en reproduksjemooglikheden, dêr't ús eale foarfaars ek net fan dreame doarsten, kin tûzenen oer de hiele wrâld berikke. Sa'n ynfrastruktuer moat dochs yn ús tiid it idealisme fan 'e Halbertsma's, de Jongfriezen en de generaasje Schurer, Poortinga en Tamminga wol ferfange kinne? Wat ûntbrekt is in subsidiearre, moderne, profesjionele marketing fan 'e Fryske literatuer. It soe my neat ferbaze, as dy himsels op 'en doer betelje koe. It produkt moat deskundich promoate wurde, oars ferdwynt it yn 'e wylde weagen fan 'e moderne tiid. Sûnder profesjonele pr en reklame foar weardefolle literêre produkten wurdt it hiele Fryske boekebedriuw in moai bylkjende winkel sûnder keapers. De minsken wite dan ommers fan neat. Ik soe alle Frysksinnige ynfloedrike persoanen en politisy freegje wolle: doch wat jim kinne oan sponsoring en subsydzje foar deskundige pr en reklame foar de echte Fryske literatuer, want sûnder literatuer ferliest it Frysk syn fûnemint en status fan minderheidstaal en ferwurdt it ta in gewoane streektaal, in soarte fan ferbastere Nederlânsk)

  Om op ús monografy oer Wadman werom te kommen: it is de literêre delslach fan myn lêsaventoer mei it wurk fan Wadman. Dêrby haw ik besocht dizze stúdzje foar in breed publyk sa lêsber mooglik te hâlden en sa helder mooglik te formulearjen. Wadman syn styl foel ek op troch in transparante helderheid. Neffens de psycholooch Carl Gustaf Jung is in grutte geast noait hielendal helder. Wadman en ik binne dus gjin grutte geasten, mar dat is wol goed foar de lêsberheid fan dit boek. Ik sil it dêrby hawwe oer Wadman en de krityk, oer Wadman en de poëzij, beide tige nijsgjirrich. Fierders oer Wadman en De Tsjerne, wat dêr goed en mis gong en Wadman en de avantgarde, bgl. om 'quatrebras' hinne. Yn it haadstik oer Wadman en it eksistinsja­lisme komt ek Wadman syn ferhâlding mei syn eksfrou Hylkje Goïnga en har wurk op it aljemint. Ek is de oarloch in wichtich tema, dêr't er in stikmannich boeken oan wijd hat. Tige nijsgjirrich binne de koarte ferhalen fan Wadman, wêrfan 'It idealistekamp' derút springt as klear eksimpel fan it postideologyske tiidrek. Dan komt as lêste it wichtichste haadstik: Wadman en de roman, mei as revolúsjonêr begjin 'Fioele en faem' en as útsjitters 'Hoe moat dat nou, Marijke', 'De smearlappen' en 'De feestgongers', mar allegear binne se boeiend om te lêzen en om der opfallende dingen út te heljen. Haadstik X, de einskôging haw ik koart holden en it Neiwurd wol ik hjir noch foarlêze:

"In noate-apparaat, register en nammelist haw ik foar dit boek oerstallich achte. Yn dizze tiid fan 'ynternet' kin elke betûfte lêzer opsykje wat er wite wol. De measte ynformaasje wat dat oanbelanget haw ik tusken heakjes yn 'e tekst set. (...) In oersichtlik tal bylagen achte ik genôch.

  Wol wol ik de famylje Wadman, benammen soan Thys, tank sizze foar de ynformaasje en de kofje, dy't ik by in mannich besites by him thús yn Koudum krigen haw. In petear mei Jelle de Jong (âld learling fan Wadman) en mei Josse de Haan hat op in pear punten ek hiel nuttich west. Tige posityf foar de lêsberheid fan 'e tekst wie it kritysk trochlêzen fan myn frou Syb.

  En fansels tank oan Goasse Brouwer foar de opdracht, it geduld  en de redaksje."

Dat is it slot fan dit boek.

  Sûnder Goasse syn opdracht wie dit boek der noait sa kaam. Hy hat soarge dat it fan myn boeken ien fan 'e moaiste útjeften waard. Tige tank Goasse en syn meiwurkers fan Frysk en Frij foar al dat wurk.

  En jim, achte tahearders, tank foar de oandacht.