Taspraak
fan Steven H.P. de Jong
Klaas Feenstra en syn taal
of
De dichter en syn taal
In dichter
is fansels in taalkeunstner, hy skept syn produkten yn taal. Mar elk minske,
dy't tinkt, praat of skriuwt, docht dat. It ferskil tusken in dichter en in
net-dichter is, útsein inkelde oerflakkige mooglikheden, net oan te jaan. It
is hiel goed mooglik, dat erges yn in kroech op dit stuit in man oan it wurd
is, dy't sokke poëtyske sinnen útslacht (miskien mar ien kear yn syn libben,
omdat it slokje goed falt) dat er alle grutheden, dy't ûnder de namme
dichter kanonyk opburgen binne yn 'e kaartebak fan it literêr museum fan
Tresoar fier achter him lit. Wat in grut dichter hat bgl. de man of frou
west, dy't de namme Us Mem betocht hat foar it byld fan dy ko yn Ljouwert,
eartiids op it Suderplein en letter by de Harnzer Strjitwei. Dat is in namme
mei in tal djippe dûbelde boaiems om dûzelich fan te wurden, in namme dy't
refereart oan histoaryske, sosjale, ekonomyske, biologyske. mytyske,
nasjonalistyske en sels religieuze eleminten. Likegoed hat de man of frou,
dy't de bekende siswize: 'De wierheid hat in skel lûd' betocht hat, tige
dichterlik besiele west. Sa binne der talleaze foarbylden. Alle mooglike
siswizen en grappen binne faken betocht troch minsken, dy't noait witen ha,
dat se dichter wienen. Ik sil dus gjin definysje jaan fan in dichter.
Likemin sil ik it begryp taal defininiearje.
Hoe mear men
jin dêryn ferdjippet, hoe grutter it wûnder, it mystearje wurdt.
No stean der
fansels yn it wurdboek definysjes genôch fan taal, yn dat fan Koenen wol 6.
Mar om dêr de hiele jûn oer te praten... wy moatte ús beheine.Wat simpeler
wurdt it by de definysje fan in stikje taal ntl. de sin. Mar dêr bin ek
hiele boeken oer skreaun, sûnder dat de learden derút kamen. Dêrom woe ik my
mar beheine ta in wurd (in wurd is faken úntstien út in sin) Ek dat lost it
grutte mystearje net op, mar wy moatte dochs wat.
Koenen: woord: 1. Spraakklank, doorgaans
groep van spraakklanken met een eigen betekenis. 2. de zichtbare, d.i.
geschreven, gedrukte enz. voorstelling ervan.
Dit hat my ynspirearre ta de folgjende tekst:
1. in
wurd is in kompleks fan klanken (groep, gehiel)
2. in wurd is in kompleks fan tekens
3. in wurd is in kompleks fan betsjuttings
mar
in wurd fan dy
is in kompleks fan my
(it liket wol in gedicht,
herhelje)
Dizze tekst
woe ik as útgonspunt fan myn meditaasje nimme.
1. In
wurd is in kompleks fan klanken
De klankkant
fan in wurd is sûnder mis ien fan 'e wichtichste eleminten fan 'e poëzij.
Soms kin men jin ôffreegje of de klank fan 'e wurden net wichtiger is as de
betsjutting derfan. Alles wat mei rym te meitsjen hat (einrym, stêfrym,
healrym) hat mei klank te meitsjen. Likegoed is dat it gefal mei in oar
poëtysk fenomeen, it metrum, de ôfwikseling fan wurdlidden (lettergrepen)
mei klam en sûnder klam. Klaas wyt der fan alles fan, want hy hat dermei
oefene en boarte, lykas sûnt de klassiken gâns dichters dat dien hawwe. Dat
hiele systeem fan trúkjes mei rym en klank en it tellen fan wurdlidden neamt
men retoryk. Koartom, it grutste part fan 'e sûnt âlde tiden trochwrotte en
trochtochte retoryk is in klankferskynsel. It Frysk is benammen in klanktaal
en dêrom is Fryske poëzij faak ek sa moai:
Djip brûnzen lûd, de stim fan ieuwen
Sa begjint it gedicht 'Tsjerkeklokken' út dizze bondel fan Klaas. Fergelykje
dat no ris mei: Diep bronzen geluid, de stem van eeuwen. (lang sa moai net)
Noch even de lêste strofe:
Gol noegjend lûd, de stim fan ieuwen
foar rap en rút, grou, fyn en from,
boadskippers
foar it gea rûnom,
klear
litte se har klanken kliuwe.
Men heart de klokken troch de wurden hinne lieden. Poëzij hat in protte mei
klank en dus ek mei muzyk te meitsjen. It liet is de oerbeppe fan 'e poëzij.
"Dichterlike taal is muzyske taal" seit de ferneamde skriuwer Simon Vestdijk
earne. "it is de taal dy't de minske weitilt fan 'e werklikheden nei de
mooglikheden." M.o.w. dichterlike taal hellet mear út 'e wurden as inkeld de
betsjutting.
2. In
wurd is in kompleks fan tekens
Letters yn
dit gefal. De âlde retoryk hie froeger as dúdlike funksje in tekst
fersteanber meitsje yn in grutte romte (in tsjerke, in seal of op in plein).
Elektroanyske apparatuer hienen se eartiids net en dêrom brûkte men rym en
klanktsjinstellingen om in tekst fersteanber te meitsjen. Tsjintwurdich kin
de meast heaze broddelder mei in grochstimme him fia de mikrofoan oant yn 'e
fierste úthoeken fan 'e wrâld fersteanber meitsje. Dêrtroch is it wurdbyld,
binne de lettertekens folle wichtiger woarn. Ek fansels trochdat de measte
minsken lêze en skriuwe kinne. Hoe't in wurd skreaun wurdt, is like bepalend
as klank en betsjutting. Dêr meie staveringsfernijers wolris om tinke. It is
foar gâns poëzij in ramp as der in staveringsferoaring komt. Litte wy wat
dat oanbelanget in foarbyld nimme oan it Ingelsk, de wichtichste wrâldtaal.
Dêr sprekke se de wurden hiel oars út as dat se dy skriuwe en ha se sûnt
tiden net in staveringsfernijing hân.
It is algemien bekend, dat der ek mei de foarm fan in wurd
eksperimintearre is: haadletters, lytse letters en noch lytsere letters,
skriuwletters, tekene letters ensfh. Wurden fan boppe nei ûnderen of
diagonaal oer it papier hinne. It fierst gong deryn de saneamde konkrete
poëzij; dy makke keunstwurden fan skreaune of printe wurden, bgl. it wurd
polityk, skreaun mei stikeltried. Yn reklameteksten hat men in soad oan dit
soarte eksperiminten hân.
Hat Klaas dêr no ek wat mei te meitsjen? Ik tink it al. As men sa'n bondel
makket, lykas Klaas, dan hat men foar it staljaan fan it boek in grafikus
nedich, ien dy't wurket mei de uterlike foarmen fan wurden en letters en dat
is in dreech fak. Yn dit gefal is dat Robert Seton. Ek de útjouwer, hjir
Goasse Brouwer, lit syn egen deroer gean. Gâns kompleksen fan tekens wurde
yn in poëzijbondel stal jûn, eat om te ûnthâlden.
3. In
wurd is in kompleks fan betsjuttings
De
betsjuttingskant fan in wurd is de bekendste kant fan in wurd. Wurden sûnder
betsjutting binne gjin wurden. It feit dat gâns wurden mear as ien
betsjutting ha, jout de dichter de kâns om fan wurden keunstwurken te
meitsjen, it jout de mooglikheid ta byldspraak, ta fergelikingen benammen,
ek wol metafoaren neamd. Om dat dúdlik te meitsjen helje ik even in foarbyld
oan fan 'e Fryske dichter Sjoerd Spanninga oer in indiaan, dy't der
hielendal net is:
De jûn,
in readhûd,
sit foar de wigwam fan 'e nacht te smoken,
en rikket de prêry en bosken fol skimer.
Dan nimt er syn rûnstjûnige kano,
de moanne,
en set koerts oer de grutte stjerrestream
nei de blinkende mar fan de moarn,
dêr't de himel syn frede yn spegelt.
Yn dit fers is praktysk gjin wurd dat troch it gearhingjend spul fan 'e
dichter betsjut wat it betsjut. In oar dúdlik foarbyld is fan Geart van der
Zwaag: 'It Ljouwerter godsoardiel': (yn Ljouwert is in wyk mei strjitten
neamd nei Fryske skriuwers en dichters: bgl.:
Reinder Brolsmawei (= ek dea)
Simke Kloostermanwei
Douwe Kalmaleane (= beleanne)
Ulbe van Houtenwei
Nykle Haismawei
Jan Jelles Hof leane ensfh.
De betsjuttingskant, ek wol de signifikative kant neamd, is benammen foar de
wittenskip en de juristerij, de dûbelsinnichheid foar de dichter. Strak kom
ik der even op werom.
4. In wurd
fan dy
is in kompleks fan my (itselde grapke noch in kear, mar no mei it wurd
kompleks, dat wurdt fan 'gearhingjend gehiel' in soarte fan 'geastlike
stoaring')
Sa gau't ien
in wurd brûkt, stapt er bûten himsels yn in kommunikaasjesysteem en komt er
hoe dan ek yn kontakt mei in oar, de oare, oaren, reëel sawol as fiktyf, mar
dat makket foar it fenomeen neat út. It mystearje fan 'e taal is dan
kompleet en sa kompleks dat wy der te'n earsten wol noait útkomme sille. Dat
is mar goed ek, want oars koenen de dichters wol ophâlde.
De taal is it ynstrumint fan 'e dichter. Elke taal hat syn eigen dichters,
lykas elke dichter syn eigen taal hat en dêrút hellet wat deryn sit. It
Frysk is in hiel moai ynstrumint en wy meie wiis wêze mei in dichter as
Klaas Feenstra, dy't mei syn tsjokke bondel 'Hege flecht' in rein fan poëzij
oer ús útstoart.
Wat is Klaas foar in dichter? Der binne ûnderskate soarten: dichters fan
'e skientme, de esteten, dichters fan it engaazjemint, de belutsenheid by de
maatskippij, religieuze dichters, opstannige dichters, krityske bgl.,
retoaryske en simpele ensfh. Klaas hat fan allegear wol wat yn him. Dochs
soe ik him yn foarste plak in folksdichter neame wolle. Dêr bedoel ik neat
denigrearjends mei, sa't men dat eartiids wol die. Dan hienen je echte
dichters en folksdichters. Neffens Fedde Schurer wie in echter dichter in
auto en in folksdichter in bolderwein. Dat is in ûnderskie dat ik fersmyt.
Trouwens, as ien ek in folksdichter wie, wie dat Fedde Schurer wol. Mei
folksdichter bedoel ik in dichter dy't oer hiel gewoane deistige dingen
dichtet en dêrtroch de minsken oan it tinken set. Klaas dichtet oer
fakânsje, de tún, de beammen, de stjerren, de klok op 'e skoarstienmantel,
de ballade fan 'e segaar ensfh. Unopfallende bysaken wurde troch it spul fan
'e dichter wichtige haadsaken dêr't de lêzer of hearder oer neitinke moat en
dat is de keunst, minsken oan it tinken sette oer saken dy't se earst net sa
fernamen.
As foarbyld de titel fan 'e bondel 'Hege flecht'. Men tinkt yn earste
ynstânsje oan hege poëzij, dus dreech. Mar as men it fers lêst, dêr't dizze
titel út komt, wurdt alles hiel gewoan en dochs ek wer hiel oars as gewoan
en snijt de dichter in probleem oan, dêr't ús hiele beskaving mei sit. De
dichter sjocht yn 'e loft in wite streek fan sa'n fleantúch, elk kin dat
wol. Dy streek stiet ek op it omslach fan 'e bondel. Dan tinkt er ynienen
oan in gefangene yn in selkompleks; hy hat der faaks wolris in briefke
hinne stjoerd mei in hantekening. Dy man sjocht 'troch it hege traaljerek'
dy streek miskien ek wol. Wat tinkt dy finzene? Foar him is it in teken fan
frijheid (frije fûgels hat de dichter it oer). Fan in teken fan frijheid
wurdt dan dy wite streek (yn’e wurden fan 'e dichter) ‘in tinne tried dy't
him en my ferbynt - it briefkjen ûnder sensuer - ... myn skriele treast.’.
Tink der mar ris oer nei, dûbelsinnichheid en symbolyk of metafoar. Ik
kin sa folle mear foarbylden oanhelje, mar dúdliker seit Klaas it sels yn it
lêste nûmer fan Underweis, ús tsjerkeblêd (hy hat der mar fjouwer rigels
foar nedich):
"Myn soan, wat hâldt eins dichtsjen yn?
Wannear bin ik in wiere dichter?
As 'k ienris
rispje as in sichter
de
frucht dêr't ik mysels yn fyn."
Dat 'mysels' is dan tagelyk alles en
elkenien, dêr't er mei en tusken libbet en oer dichtet.
Tige tank
Klaas foar dizze bondel, Goasse Brouwer en syn minsken fan Frysk en Frij ha
der in moai produkt fan makke.
En jim tahearders, tankewol foar de oandacht.
Steven
H.P.de Jong |