K-onTOER bringt de kontoeren fan Keunst yn kaart en docht dat foar jong en âld. Twa kear yn it jier giet K-onTOER nei in doarp ta. Yn ‘e mande mei de kulturele kommisjes, de doarpsmienskip en oare partijen út de omkriten sette se in kulturele manifestaasje op. De manifestaasje bestiet út in programma foar oerdeis en jûns én in sutelaksje fan Fryske boeken.
De kommende edysje fan Kontoer is op sneon 13 septimber yn Kimswert. Gean nei ‘programma Kimswert’ foar mear ynfo!