

| Willem Abma | Boeken In Ierse nimf Kuiers of
definysjes fan in ik Te fûnling De mafiaman Moeting In nacht yn
de Andes |
|
![]() (© Foto: Unbekend) Willem Abma waard berne yn 1942 yn Folsgeare. Hy folge it gymnasium fan it Kristlik Lyseum yn Snits. Dêrnei die er teology yn Grins. Foech tweintich jier wie er learaar godstsjinst by it middelber ûnderwiis op It Hearrenfean en yn Ljouwert. Sûnt 1987 is er gespreksterapeut yn Drachten. Abma krige yn 1973 de Gysbert Japicxpriis foar poëzij. Hy siet yn de redaksje fan 'e literêre tydskriften Alternatyf en Trotwaer en fan Operaasje Fers. Oant 1982 publisearre er syn poëzij ûnder de skûlnamme Daniël Daen. Fragminten út in fraachpetear 'Wol ik my útdrukke dan haw ik inkeld de pinne ta myn
foldwaan. Skriuwen is foar my te wichtich. En wêrom? Want it makket my selden gelokkich:
as ik der mei dwaande bin net en as ik it dien ha net. Mar as ik net skriuw, bin ik noch
minder gelokkich. Blykber slút it dochs oan by wat yn myn inerlik libbet. /.../ As ik op de lêste fearnsieu weromsjoch falt my
op dat der sprake is fan twa poalen: in hichtepunt en in djiptepunt. Tusken de Gysbert
Japicxpriis fan 1973 en it jier 1999, doe't in ûnbehearske stream fan ôfwizingen op myn
paad kaam. Dêr tuskenyn in proses. Hoe hantearrest sa'n probleem dêrst ek sels in
oandiel yn hast? Want, dêr is gjin twivel oer. Ik haw keazen foar distânsje dy't my
betiden in eufoar gefoel jout fan los en ûnôfhinklikens. /.../ Ik bin fanwege dy foar my needsaaklike
distânsje, gjin abonnee op Trotwaer of Hjir, gjin lid mear fan it Skriuwersboun, it
Literêr Histoarysk Wurkferbân of it Frysk Letterkundich Museum en
Dokumintaasjesintrum.
Mear ynformaasje oer de skriuwer |