

| Sjirk Frānses van der Burg | Projekt | |
![]() Sjirk Frānses van der Burg by de Kneppelfreedbetinking yn 1986 (© Foto: Argyf Sjirk Frānses van der Burg) Sjirk Frānses van der Burg (berne Langsweagen 21 novimber 1917 - ferstoarn Lippenhuzen 7 juny 2008) De samler en skriuwer Sjirk Frānses van der Burg fan it
skiedkundich wurk 1945, de befrijing, waard berne yn 1917 te Langsweagen yn in
Frysksinnich boerefermidden; hy waard sels feedokter en wenne letter te Lippenhuzen. Van der Burg rekke yn it ferset en naam de foarstap ta it opsetten fan it yllegaal fersetsblźd Frysk en Frij. Hy waard dč man achter dat Fryske en frije ūndergrūnse pamflet - dźrom dy namme - dat de foarrinner is fan it tydskrift Frysk en Frij (25 maaie 1945-desimber 1997), en dźrt śtjouwerij Frysk en Frij op har tiid śt ūntspruten is. Sjirk F. van der Burg spile ek in rol by Kneppelfreed
- freed 16 novimber 1951. Troch de Ljouwerter kantonrjochter wie him it rjocht ūntsein om
him yn it Frysk te ferdigenjen foar in ferkearsoertrźding. Fedde Schurer gong foar syn
saak yn e pleit en moast doe sels foarkomme omdat er yn in redaksjoneel stik de
magistratuer op it sear kommen wie. Dźrby besocht it plysjeapparaat om meistanders,
omstanders en ferslachjouwers mei kneppels en wetterkanonnen fan it Saailān (foar it
Gerjochtsgebou) ōf te reagjen.
In Memoriam foar Sjirk Frānses van der Burg, pleatst yn it Tijdschrift voor Diergeneeskunde, deel 133, aflevering 16, 15 augustus 2008
|