skriuwerslogo.gif (1608 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Gerrit Damsma Boeken

De beam fan belofte
histoaryske roman

2001
ISBN 90-73554-71-3
304 siden
EUR  15,88

 


Gerrit Damsma wurdt yn 1936 berne yn Boalsert. Hy giet foar de HBS-B-oplieding nei it Kristlik Lyseum yn Snits. Dźrnei folget in stśdzje foar it Steatseksamen Gymnasium-A. It doel is om teology te studearjen oan 'e VU yn Amsterdam, mar Damsma komt - nei de militźre tsjinsttiid - lykwols telāne yn de sjoernalistyk.

Fan 1960 oant 1996 wurket Damsma as ferslachjouwer, sjef   provinsjeredaksje en einredeakteur by it Friesch Dagblad. Jierrenlang skriuwt hy yn de wyklikse bylage Sneinspetiele in Fryske 'column' Yn 't foarbygean: kursyfkes śt it libben fan al den dei. Fraachpetearen mei en
ferhalen oer 'gewoane' (mar nijsgjirrige) minsken ha syn foarkar.

Yn 1979 makket Damsma mei in grut tal lźzers fan syn krante in reis nei Israėl. De krante-artikels oer dy reis wurde bondele en śtjūn yn Dagboek uit Israėl.

In būtenlānske reis foar it Friesch Dagblad nei Kanada en Amearika bringt Damsma yn kontakt mei in protte (āld)emigranten en harren neiteam. Benammen de ferhalen oer it ūntstean fan it plakje Vriesland yn de steat Michigan yn 1847 sprekke him tige oan. Wa wiene dy earste pioniers, wźr kamen sy wei, hoe libben sy doe, wat wiene harren driuwfearren? De delslach fan jierrenlang ūndersyk kin men werom fine yn de histoaryske roman De beam fan belofte.