
(© Foto: Leeuwarder Courant/Wietze Landman)
Lida Dykstra is yn 1961 berne op It Hearrenfean. Fan 1994 ôf
binne der in grut tal berneboeken fan har ferskynd (û.o. Leaverikjes, Snotaapkes
en Wolken fan wol). Yn 2000 debutearret se mei de dichtbondel Frou
ûle. Fragminten út in
fraachpetear
"Ik liket miskien krekt oft ik dit jier pas mei dichtsjen begongen bin, mar dat is
net sa. It skriuwen fan berneferhalen en it meitsjen fan fersen is altyd lykop gongen. Myn
earste fersen binne al yn 1993 yn it literêre tydskrift Hjir publisearre. Mar doe
wie ik der noch net oan ta om in fersebondel te skriuwen. Ik haw in oanrin nedich hân.''
/.../ "It dichtsjen soest in twadde tûke fan my neame kinne, in skriuwersaktiviteit
dêr't ik oare registers by iepen lûke kin. By in berneferhaal moatst altyd tinke fan:
past it by de doelgroep en is it net te dreech?''
Friesch Dagblad, 13 desimber 2000
Mear ynformaasje oer de skriuwster
Tresoar-side
Utjouwerij Bornmeer
|