| 
Tekstomslach De floeibere bân:
Biografyske Noat
Eric Hoekstra hat earst besocht om himsels oan e man te bringen, en doet dat
slagge koe de rest ek wol fuort. Yn 1992 ferkocht er himsels as slaaf oan it
Beerta-ynstitút en dęr hat er sűnt net ien dei spyt fan hân. Oant er him yn 1999 oan
de F.A. ferkocht.
Yn 1960 waard er by syn mem űnder de rok weiskuord, ta fernuvering fan syn heit: dy krige
der doedestiids fan it leger twa (2) dagen frij foar.
Yn 1997 ferkocht er Dat zijn nou typisch Friezen oan in Hollânske útjouwer,
neit de oarspronklik Ingelske ferzje ôfwiisd wie troch in Ingelske útjouwer
omt de nammebekendens fan e Friezen yn Europa net grut genôch
węze soe. No moat it net mâlder! Der is noch hiel wat wurk foar Fryslân at Europa ien
is, en Nederlân en Fryslân twa.
Yn 1960 krige er in heit en in mem, yn 1961 in suske, yn 1964 in broerke: de lęste is no
syn saakwaarnimmer, en de earste koe syn foarbyld mar better folgje. Dizze feiten steane
yn gronologyske folchoarder, dat is, de folchoarder sat dy de dichter yn t sin
kaam.
De dichter soe as de laitsjende dichter bekend stean wolle: wat in útdaging
foar san serieus en swiersettich persoan! Hy set net om e nocht it komplete
wurk fan Nietzsche yn it Frysk oer. Syn goede alter-ego is Dr Tsjoen, oer de oare (Dr
Gleon) kinne we it mar better net ha. Yn manuskriptfoarm hat er 4000 aforismen, 300
gedichten, 200 kolumns (koarte essees), 100 koarte ferhalen (fan Dr Gleon), ferskate
resinsjes, 1 saaiens-fiksjen-boek en 1 berneboek yn e kast lizzen: dat it
Beerta-ynstitút mei net kleie oer syn produktiviteit. Om mei in Fryske popsjonger en
miljonęr te sprekken: Ik bin in gewoane jonge.
Mear ynformaasje oer de skriuwer
Eigen webside
Tresoar-side
|