skriuwerslogo.gif (1608 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Mentha de Jong Boeken

In kop fol bylden en oare ferhalen - Froukje Annema-Noordenbos
50 ferhalen út it oeuvre fan dizze populêre skriuwster
2003
ISBN
90-73554-82-9
290 siden
EUR  18,50

Fan al den dei - Froukje Annema-Noordenbos
dichtbondel mei in bibliografy en ferantwurding
1999
ISBN 90-73554-41-1
96 siden
EUR  11,12


jong-menthade-prinsentun.jpg (50403 bytes)
(© Foto: Argyf Frysk en Frij)

Mentha de Jong (1919-2005)

Mentha de Jong wie besoarchster fan 'e postume útjeften fan wurk fan Froukje Annema-Noordenbos: de sammeldichtbondel 'Fan al den dei' en de samling koarte ferhalen 'In kop fol bylden'. By it ta stân kommen fan it wurk fan Froukje Annema en ek fan dat fan har heit, de romanskriuwer Hoatse de Jong (1884-1982), wie hja in ynspirearjend kritikus. Foar mannichien dy’t nocht hie en hâlde woe oan Fryske taal en -literatuer wie hja allyksa in betroud en besieljend klankboerd.

(By de foto: Mentha de Jong by in boekepresintaasje fan Frysk en Frij yn 'e Prinsentún te Ljouwert, 17 augustus 1997).