
(© Foto: Teake Oppewal)
Steven de Jong (* Ljouwert 1935) waard bekend as Frysk dichter, prozaïst en
skriuwer fan boeken as De maagd fan Babylon (1980), In spylman op
it binnenpaad (1999) en Swarte egen (2001). Yn 1992 krige er de
Gysbert Japicxpriis foar syn roman De Wuttelhaven del (1989).
Yn de bondel En de inket sil útrinne is
neist earder publisearre wurk út syn seis dichtbondels, allyksa poëzij
opnommen dy't net earder ferskynde ûnder it skift Sturtswylje.
De sammelbondel befettet mear as twahûndert fersen, uteraard ynklusyf de
eksperimintele poëzij út De Jong syn quatrebras-tiid, it literêr tydskrift
dêr't er redakteur fan wie. De Jong seach fernijing yn dadaïsme en
neorealisme.
De Jong wie learaar Nederlâns te Ljouwert, wenne yn Gytsjerk en ferfear yn
2008 nei Burgum.
Achteryn de bondel
En de inket sil útrinne is in CD tafoege mei sânentweintich fersen dy't
Steven de Jong lêst, earder opnommen en útstjoerd yn it ramt fan Operaesje
Fers.
De samle fersen
ferskine yn de rige Frysk en Frij Klassyk dêr't ûnder oaren earder yn útkaam
wurk fan Gysbert Japiks, Douwe Hermans Kiestra, Obe Postma, Douwe Tamminga,
de samle fersen fan Tsjits Peanstra en Tiny Mulder.
Fragminten út fraachpetearen
Weekblad Actief
Burgum:
Steven de Jong: “Gedichten binne de kearn fan myn wurk”
/.../Hy fertelt út 'e
holle: "Myn earste gedicht begûn mei de rigels: 'Do bist berne ûnder myn
fingers / en ik koe dy net'
Ik dichtsje gefoelsmjittich mei bylden yn 'e holle, mar in gedicht moat
letter wol mei it ferstân nei te folgjen wêze."
/…/It wiene gjin maklik te begripen gedichten, mar letter waard De Jong syn
wurk mear humoristysk en aforistysk. "Wol wat te ferlykjen mei it dichtwurk
fan Reinder Rienk van der Leest. "Dus ik gie mei de moade mei", glimket De
Jong.
/…/"It âlde wurk wer lêzend, tocht ik: 'Ik soe it no oars dwaan', mar omdat
it giet om sammele wurk, haw ik ynhâldlik neat feroare, op in inkel wurdsje
nei", leit De Jong út.
/…/Hy fielde him yn de jierren fyftich en sechtich thús by it wurk fan de
dichters fan it tydskrift Quatrebras, dêr't er sels ek redakteur fan west
hat. Hja waarden ynspirearre troch dadaïsten fan foar de oarloch en troch
Nederlânske dichters fan nei de oarloch, lykas Simon Vinkenoog, Rodenko en
Lucebert. "De dadaïsten hiene in geweldige ynfloed yn de keunst. Wy moasten
neat hawwe fan it saneamde klassyk wurk fan bygelyks Douwe Tamminga en Fedde
Schurer. De bêste Fryske dichter is neffens my Jelle de Jong, ien fan de
Quatrebras-dichters."
Gerrit van der Meer, Weekblad Actief, 5 jannewaris 2011
Friesch Dagblad:
Dichtsje yn in rûzich literêr klimaat
/.../"Ik siet op 'e
kweekskoalle yn Ljouwert en moast it Frysk suver noch oanleare. By ús thús
praten wy nammentlik Nederlânsk en Ljouwertersk." Fanatyk makke De Jong him
it Frysk eigen. "Wêrom? No, gewoan, ik fûn it in moaie taal, dêr woe ik ek
yn skriuwe, krekt as ús heit dien hie." Yn 1955 helle De Jong de Fryske
akte. "Ik haw sels noch les hân fan Eeltsje Boates Folkertsma. Dy âlde
knapen haw ik altyd wol heech hân. Douwe Tamminga en Fedde Schurer ,
literatoaren dy't mei harren estetyske poëzij foar master opsloegen yn
literêr tydskrift De Tsjerne, wiene idoalen foar my. 'Dêr kom ik noait oan
ta', tocht ik."
/…/"Ik haw as learaar Nederlânsk myn libben lang literatuer jûn, mar haw
noait folslein de finger lizze kinnen op wat literatuer no echt is.
Myn learlingen lei ik it altydsa
út: 'Fjoer is it resultaat fan de ferbining fan twa komponinten: branje en
suerstof. Poëzij kin sa net lykslein wurde mei foarm of ynhâld.
Krekt yn 'e ferbining fine jo it fjoer, it
fjoer fan 'e poëzij. Oan dat fjoer kinne jo
noch noch sa'n soad wurden smoarch meitsje, úteinlik kin allinnich it lêzen
fan in fers dy ferbining, dat fjoer opsmite of net. Fergelykje it mei in
mop. Hoe kinne je dy no útlizze. Dy sit of dy sit net. En dêr sit dan ek
noch in subjektive komponint by."
/…/De fersebondel fan Rodenko
ynspirearre De Jong enoarm. "It fassinearre my hoe't minsken as Lucebert en
Hugo Claus, en tichterby hûs manlju as Hessel Miedema en Jelle de Jong romte
joegen oan taal. Sy setten taal breder yn syn betsjutting. Krekt dát woe ik
ek graach besykje." Mar ja, hoe begjinne je dan. De Jong naam him foar om in
sa raar mooglik gedicht te meitsjen. "Gewoan hiel gek. It wie doe wenst om
in hiel moai gedicht te skriuwen yn de tradysje fan de tachtigers. Mar dêr
woe ik los fan komme. Mar skriuw mar ris in idioat gedicht. Dat is net iens
sa maklik."
'Dû bist berne ûnder myn fingers / En ik koe dy net' waarden de earste
sinnen fan it fers sûnder titel dat eindiget mei in fjoerwurk oan wurden.
"De earste twa sinnen rûgelen my út 'e fingers. Eins hâlde se daliks al in
program yn: fersen wurde net fan te foaren betocht, mar ûntsteane ûnder it
skriuwen."
/../De Jong bleau in libbenlang
kritysk. "Ek al is it in abstrakt
fers, it moat my wol wat sizze. Tagelyk, ás ik
sels tefreden bin, hâldt dat noch net yn dat it in goed fers is."
/.../Foar De Jong foarmet syn
poëzij de kearn fan syn wurk. Yn de seis dichtbondels dy't er skreau is syn
eigen ûntjouwing yn in ûnrêstich (literêr) klimaat dúdlik te sjen. "De
duorjende driging fan de kâlde oarloch en de atoombom yn de sechtiger
jierren hie syn wjerslach op de minsken. De bondel Wankend stomp
skreau ik yn in perioade fan pessimisme. De fersen út dy perioade binne
eksperiminteel en yntuïtyf. Wat dat oanbelanget is de bondel Missing Link
al in stik tagonkliker." Under ynfloed fan it neorealisme, in streaming dy't
ynspirearre waard troch it deistich libben, skreau De Jong de bondel
Popkes tekenje mei allerhande aforistyske fersen.
Gerbrich van der Meer, Friesch Dagblad, 19 jannewaris 2011
Leeuwarder Courant:
‘As ik skriuw bin ik abnormaal’
In skriuwer mei in
konstant writers block, neamt er himsels. Sa no en dan is it block
eefkes fuort en skriuwt er hurd in gedicht. Of – as it block wat langer
weibliuwt – in roman.
Foar sa’n ien is 330 siden poëzij sa min noch net, soe men dêr tsjin yn
lizze wolle. Mar Steven de Jong (75) is de earste om dat te relativearjen.
“As je fyftich jier skriuwe hâlde je altyd wol wat oer. Sokken as Durk van
der Ploeg en Trinus Riemersma skriuwe folle mear. Ik ha wolris sein: ‘As ik
skriuw bin ik abnormaal, mar meastentiids bin ik helaas normaal’.”
/…/”Je skriuwe fanút in tekoart. As ik yn de supermerk hjir yn Burgum kom
hear ik alderhande âlde minsken oer syktes en kwaaltsjes praten. Dat is gjin
literatuer, mar as je der mei humor oer skriuwe, wurdt it dat miskien wol.”
/…/“Literatuer giet oer de dea, oer relaasjeproblemen, iensumheid, de sin
fan it libben, it binne altyd deselde eksistinsjele fragen. Yn ien fan myn
fersen haw ik it oer lusteangst. Tiny Mulder hie neat mei dy fersen op,
neffens har wie it allegear lusteangst. Op sokke mominten bin ik bliid mei
myn kompleksen, oars bleau der gjin literatuer oer. Sa’n tekoart is de motor
fan it hiele libben.”/…/“Minsken kinne net sûnder literatuer. In oantal fan
myn fersen giet oer eangst. Eangst is nuttich, dy kin in minske foar gefaren
behoedzje, mar eangst kin ek ferlamje. Eangst is it belangrykste middel fan
minsken mei macht.”
/…/”Literatuer is in kulturele wearde dy’t wichtich is foar de hiele
beskaving. Dêr is fierste min omtinken foar yn Nederlân. Wy binne in
keapmansfolk, wy freegje altyd earst: wat smyt it op?”
“Foar Fryske taal is literatuer miskien noch wol belangriker, sûnder
literatuer bliuwt der neat fan ’e taal oer. As wy allegear oergean op it
Ingelsk, krije wy in monokultuer, dan hawwe de minsken elkoar neat mear te
sizzen.”
Sietse de Vries, Leeuwarder Courant, 28 jannewaris 2011
|