skriuwerslogo.gif (1608 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Aggie van der Meer Boeken

Oerfeart
histoarise famyljeroman
2006
ISBN 90-85660-14-9
EUR  20,00

Pauwehôf
roman
2005
ISBN 90-73554-009-2
112 siden
EUR  12,00

Untdekking fan de wrâld
ferhaleroman
2004
ISBN 90-73554-98-5
144 siden
EUR  12,00

Wachtsjen op it daagjen
dichtbondel
2004
ISBN 90-73554-97-7
72 siden
EUR  12,00

Kleine roman van Jon Fels
Nederlandse vertaling van de schrijfster van haar Friestalige debuutroman
2004
ISBN 90-73554-89-6
144 siden
EUR  12,00

Lytse roman fan Jon Fels
debútroman
2002
ISBN 90-73554-80-2
128 siden
EUR  12,00

Hân oan 'e muorre
gedichten
2002
ISBN 90-73554-69-1
96 siden
EUR  12,00

De stêd, it bist, de ingel
balladeske
debút
2000
ISBN 90-73554-44-6
32 siden
EUR  6,81

skriuwers-meer-aggie.jpg (22477 bytes)

Aggie van der Meer (* Boalsert 1927) publisearre poëzy yn ’e literêre tydskriften Hjir en Tzum. Yn 2000 ferskynt har debútbondel De stêd, it bist, de ingel yn 2002 de dichtbondel Hân oan 'e muorre. Yn 2002 ferskynt ek har debútroman Lytse roman fan Jon Fels. Yn 2004 wurdt dizze roman troch harsels oerset yn in it Nederlansk (Kleine roman fan Jon Fels). Yn 2004 ferskine ek de dichtbondel Wachtsjen op it daagjen en de ferhaleroman Untdekking fan de wrâld. Yn 2005 ferskynt de roman Pauwehôf.

Fragminten út in fraachpetear

/.../ It moaie fan skriuwen fyn ik dat ik my weromlûke kin fan alles wat der misgiet yn 'e wrâld. It skriuwen is foar in part in manier om dêr oan te ûntkommen. Mar yn myn wurk stel ik wol maatskiplike saken oan 'e oarder. Nim no de Lytse roman fan Jon Fels. As mem soe ik der grutte problemen mei ha as myn bern mei in pedofyl omgean soene. Tsjintwurdich bin ik op in leeftyd dat ik my dêr net mear drok om meitsje kin. Dus koe ik it no yn 'e foarm fan in roman oan 'e oarder stelle.
/.../ Fregest my no wêr't dy driuw weikomt om dy tsjin ûnrjocht te fersetten. Miskien komt it by myn âlden wei. Wat net rjochtfeardich wie, dêr moast wat oan dien wurde: dy hâlding hiene sy sterk. Myn heit siet yn it parochybestjoer. Hy koe net ferneare dat tsjerkeplakken ferkocht waarden en dat ien mei jild op in moaier plak siet as in oar. Dat dat feroare is, wie mei syn wurk. Op it skoalplein waard ik altiten lulk as bepaalde famkes net mei de spultsjes meidwaan mochten. Dus soarge is derfoar dat se àl meidwaan mochten. Mar' - en no moat Aggie van der Meer even laitsje - 'dan wie ik wol wer wat teloarsteld as se my net tankber wiene.'

de Moanne, 7 septimber 2006, Jelma Knol

Mear ynformaasje oer de skriuwster
Tresoar-side