

| Tiny Mulder | Boeken Bitterswiet
|
|
![]() (© Foto: Het Hoge Noorden/Jaap Schaaf) Tiny Mulder (2 april 1921 - 4 novimber 2010) Fragminten út fraachpetearen 'Ik skreau yn dy earste jierren yn in fêste fersfoarm.
Ja, ek wol frije fersen, mar ik hie net it idee dat dat gedichten wiene. Doe't ik
Amerikaanse poëzij fan nei de oarloch lies, seach ik dat soks ek sa skreaun waard. Dy
losse manier fan skriuwen, dat lei my ek hiel goed en doe doarst ik dêr ek mei nei bûten
te kommen.' 'Twa saken hawwe grutte ynfloed op myn wurk hân: de
oarlochsjierren en it leauwe. Troch de oarlochsjierren haw ik ûnderfûn wat it ynhâldt
as minsken oare minsken leech lizze en wat de gefolgen dêrfan binne. It is ferskriklik
wat minsken elkoar oandwaan kinne. Ik kin ek hielendal net oer dat yndividualisme mei
altyd de klam op jild en ekonomy. As teener haw ik de krisisjierren meimakke en haw de
earmoed by ús thús ûnderfûn. Soks wolle jo in oar dochs net oandwaan. Oersettings Bitterswiet It gedicht Bitterswiet fan Tiny Mulder waard yn it ramt fan it Europeesk Jier fan de Talen 2001 oerset yn 82 talen. Foto
Tiny Mulder lêst op in boekepresintaasje fan Frysk en Frij yn 'e Prinsentún te Ljouwert (17 augustus 1997) har gedicht Earen foar, út de sammelbondel Stilte. EAREN De eagen ticht Neamst it dan straf, It fielt wol frij mar tryst foargoed
Mear ynformaasje oer de skriuwster |