skriuwerslogo.gif (1608 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Margryt Poortstra Boeken

Nomade
fersebondel
2006
ISBN 90-8566-013-0
100 siden
EUR  15,00

Zuster
roman
2004
ISBN 90-73554-99-3
210 siden
EUR  17,50

Suster
roman
2004
ISBN 90-73554-90-x
208 siden
EUR  17,50

Koudvuur
roman
2003
ISBN: 90-73554-88-8
EUR  12,00

Kâldfjoer
roman
2002
ISBN 90-73554-79-9
176 siden
EUR  12,00

De loads
roman
1999
ISBN 90-73554-38-1
188 siden
EUR  11,12

In soarte fan swijen
ferhalebondel
1998
ISBN 90-73554-31-4
132 siden
EUR  11,12

Eva
dichtbondel
twatalich, parallel Frysk/Nederlânsk
1997
ISBN 90-73554-26-8
72 siden
EUR  11,12


skriuwers-poortstra.gif (12314 bytes)

Margryt Poortstra (Harlingen, 18 maaie 1953) debutearre yn 1975 mei in roman, letter ferskynden fan har noch fjouwer romans, twa ferhalebondels en fjouwer dichtbondels en trije berneboeken. De skriuwster krige Rely Jorritsmaprizen foar poëzij en ferhalen. De roman Kâldfjoer (2002) ferskynt yn 2003 yn in Hollanske oersetting: Koudvuur. Yn 2004 ferskynt de roman Suster en yn 2006 de fersebondel Nomade.

Resinsinten skreaune oer har dichtwurk:

Har poëzij behannelet typysk froulike saken, mar is útsoarte net aardich en leaf (Trotwaer)

De wurden dy't se brûkt steane as in hûs, en se klinke (Frysk Deiblêd)

Dizze dichter hat in grut taalgefoel, in bytiden perfekte timing en each foar it detail (Frysk en Frij)

Foto

poortstra-margryt-prinsentun.jpg (39113 bytes)
(© Foto: Argyf Frysk en Frij)

Margryt Poortstra by in boekepresintaasje fan Frysk en Frij yn 'e Prinsentún te Ljouwert, 17 augustus 1997.

Priuwke

DE SWANNEN

Se binne net op reis. Se binne.

Ik tekenje it finster om har hinne.
Ik snij dit pear mei flymskerp
langstme út. Sa wol ik wêze. Widzjend
op de fiver fan bestean. Sa wol ik
dat wy gean.

As ûnderweis nei brêge, mar ûndertroch,
as nei de see, mar dan sabeare.

Margryt Poortstra

 

Mear ynformaasje oer de skriuwster
Tresoar-side