skriuwerslogo.gif (1608 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Pim Rodenboog Boeken

Meande wurden
skilderijen en gedichten

2000
ISBN 90-73554-57-8
32 siden
EUR  10,21

 


Pim Rodenboog is yn 1947 berne yn 'e gemeente Leek. Se wennet tsjintwurdich yn Bears en wurket by Justysje as koördinator alternative sanksjes foar jongerein. Al de helte fan har libben skriuwt se. Yn 1981 is in Nederlânsktalige dichtbondel ferskynd. No skriuwt se ek ferhalen en gedichten yn it Frysk. Yn 1998 wûn Pim Rodenboog de Rely Jorritsmapriis mei in ferhaal; yn 1999 wûn se deselde priis mei in gedicht. Ek binne der fersen fan har publisearre op 'e poëzijkalinder fan Meulenhoff, de Fryske Skriuwerskalinder en yn it literêr tydskrift Hjir.