skriuwerslogo.gif (1608 bytes)haadbanner.gif (2479 bytes)

Jelle Zwart Boeken

De wite hoed
fersebondel
2009
I
SBN 978-90-8566-019-4
172 siden
EUR  20,00

Sān skeppen sālt
fersebondel, debśt
2006
ISBN 90-78566-012-2
128 siden
EUR  15,00

 


zwart-jelle.jpg (19324 bytes)
(© Foto: Leeuwarden/Jan de Vries)

Jelle Zwart (1926)

 

de see/ it lān

 

ik gean fuort/ sei de see/

naam dyn skip en droech/ 

oant de foarste/ fźste grūn/

Poeloe Weh`s  heftich/

grien rotsich eilān/

 

dźr/ waard bysūnder/

yn hoppe fan Padang/

it fier fan hūs belibbe/

op `t netflues bewarre/

sa`t  kris/ `t ūnthāld bewurke/

 

mids see/ hie dit stee

gjin ferweech/

 

fierderop/ sei `t lān fan

smaragd/ `k bliuw dy/

en hoe faak neitiids

ferfearn/ it bleau/  

lykas swit ūnder dyn

earmen/ śtwrongen sawahs/

 

no leit/ aanst dyn skip/

mei dyn taal begroeven/

neist tuorren/ op terpen/

tsjin wetter/ `t fźstelān/

mei it sicht op de see/

giest fuort/

op de meare fan fergetten feteranen

 

Jelle Zwart

 


Fragminten śt fraachpetearen

/.../ ''It skōgjende fan in dichter haw ik altyd wol yn my hān, mar ik bin ek in sosjaal dier. Ik haw de minsken altyd opsocht, ik fiel my belutsen by de maatskippij. Dat fynst yn myn poėzy werom.''
/.../ It soe ek kinne dat de resinsinten de ālde dichter, fanwegen syn jierren, wat mije. Zwart hopet dat se dat net dogge. ''Leeftyd mei noait in argumint wźze.''
/.../ Jelle Zwart is in dichter. Foar proaza is er te lui, seit er. ,,Dichter wźze hoecht net, dat is wat my yn it dichtsjen no krekt oanlūkt.''
De hūndert fersen fan Jelle Zwart biede in grut ferskaat, se geane fan stimmingsbylden fan it Fryske lānskip oant humoristyske observaasjes. Sels seit er yn it koart wurd foarōf oer syn tema's: ''De sān skeppen sālt stean yn grutte halen foar de oantrśn ta mannich fers. Lykas de taal, it lān, it stee, it folk, it eigen, it skōgjen en it wźzen dat wienen.''

Leeuwarder Courant, 28 july 2006, Sietse de Vries


/.../ Om sels ek kreatyf oan de slach te kinnen joech Jelle him seis jier lyn op as dielnimmer oan in poėzij-kursus fan it Letterkundich Museum, no TRESOAR.
/.../ "Alle kearen genietsje ik wer fan dy gearkomsten. It aardige foar my is: ik hoech net mear. Ik ha myn karriėre al efter de rźch. Ik mei dit dwaan ek ha der och sa'n nocht oan."
/.../ "Ik bin yn 'e besnijing rekke fan it wurk fan benammen de jonge dichters. It foardiel fan sa'n kursus is, dat jo yn de lijn bliuwe fan 'e jongerein om oer saken nei te tinken. Yn de fersen fan de jongelju moatte jo jo ferdjipje, foardat de fūnk oerslacht. /.../ It serieuze fan myn dichtsjen is begūn mei dy kursussen. Ik koe altyd wol in aardich Sinteklazegedicht skriuwe, mar echt dichtsje? Nee! No sit ik der fol fan. Jo moatte altiten in śtdaging yn it libben hawwe. De spanning moat der yn bliuwe. Sa is it mei dichtsjen ek."
/.../ Wat de fersfoarmen oanbelanget befettet 'Sān skeppen sālt' in soad ferskaat: fan it strakke sonnet oant en mei it frije fers. Regelmjittich skriuwt er fersen, soms in pear yn ien wike. "Ik sit alle jūnen efkes boppe om wat op te skriuwen, al is it mar om in komma of in punt oan te bringen." /.../ "Ik ha al wer hiel wat fersen lizzen. Ik piel moai wat troch."
Oer syn dichtsjen seit er by einbeslśt: "Sa doch ik dochs noch wat foar śs Fryske taal, al is it fansels mar hiel beskieden." /.../

Lyts Frisia - tydskrift foar fryske striid en literatuer, septimber 2006, Jan Jongsma